Dûbelpân yn Frjentsjer krijt earste Stadsschoonheidsprijs

31 okt 2020 - 09:30

It hûs fan Albert en Dorien Idzinga fan Frjentsjer hat de 'Korendrager', de Stadsschoonheidsprijs 2019, takend krigen. De eigeners krije in messing plakette dy't se oan de gevel fan it dûbelpân oan de Zuiderkade/Schilbanken befêstigje kinne. De winner waard freedtemiddei bekend makke en krige de plakette út hannen fan wethâlder Jan Dijkstra.

Foto: Google Street View

Der wiene seis nominaasjes foar it jier 2019. De sjuery hat it wichtichste kritearium - de ympakt fan it projekt op de iepenbiere romte - as mjitstêf naam. Nei in objektive toetsing, wêrby't de sjueryleden punten tadielden, kaam it projekt Zuiderkade/Schilbanken as winner út de bus.

"Het pand is ondanks de forse afmeting een versterking van het beeld aan de straatwand. De stoere uitstraling doet het goed als beëindigingen van de straat aan de zuidkant en geeft een mooi tegenwicht ten opzichte van de overkant, de Academiestraat", oardielet de sjuery.

Smidderij

It pân fan Albert en Dorien Idzinga rint troch fan de Zuiderkade oant de Schilbanken. Jan Bijlsma begûn dêr yn 1938 in smidderij dy't yn de twadde helte fan de tweintichste iuw útgroeie soe ta ien fan de wichtichste produsinten fan masines foar de tylt en ferwurking fan ierpels yn 'e wrâld. It bedriuw is ûnder de namme 'Bijlsma Hercules' op it eastlike yndustryterrein te finen. Yn de eardere smidderij is no it boateboubedriuw 'Innovaar' fan Albert Idzinga fêstige.

De plakette - Foto: Vrienden van de Stad Franeker

De Stadsschoonheidsprijs is in idee fan Vrienden van de Stad Franeker. Sy wolle dêrmei de positive ûntwikkelings yn de stêd oanmoedigje. Eltsenien kin him oanmelde foar de 'Korendrager'. Betingst is dat it in partikulier inisjatyf is, yn de binnenstêd. De lokaasje moat sichtber wêze fan de iepenbiere dyk ôf en in bliuwend karakter hawwe.

Oare ynstjoerings

Oare ynstjoerings wiene de eardere brânstoffehannel en doch-it-sels-saak oan de Zuiderkade 52; it restaurearre hûs oan de Schoolsteeg; it pakhûs op de Froonacker; de eardere Betheltsjerke en de stokroazen op de Schilcampen.

De sjueryleden dy't de nominaasjes beoardielen binne Frjentsjerter advokaat Petra van Bommel, Sjoukje van Schaik, ûnder oare belutsen by galery De Kaasfabriek yn Rie, en Piet Timans, arsjitekt en stêdeboukundige yn Ried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)