'We sette troch': tsjin de stream yn swimme

31 okt 2020 - 08:30

De hoareka kriget it de lêste moannen swier foar de kiezzen. 2020 wie in jier mei allinnich mar min nijs en beheinings. Undernimmers Albert de Vries, Martijn de Ruiter en Willem Adema litte har lykwols net ûntmoedigje. Sy bouwe oan it Saailân yn Ljouwert oan harren dream: In de Brouwerij. In hotel, brouwerij en Grand Café ynien.

De Brouwerij hoarekasaak

"De ornamenten aan het plafond, kijk maar goed, die hebben twee tinten goud." Grutsk lit hoarekaman Willem Adema syn nije projekt 'In de Brouwerij' sjen. Mei Martijn de Ruiter en Albert de Vries is hy dwaande it âlde koetshûs oan it Saailân om te bouwen ta hotel, Grand Café en brouwerij. Yn dizze krisistiid foar de hoareka soarget dat foar in soad pine yn 'e holle en sliepeleaze nachten.

Hotel begûn krekt te draaien

"Het hotel is al open. Maar je snapt dat het annuleringen regende de afgelopen tijd." It hotel begûn krekt te draaien doe't de hoareka wer op slot moast. Adema: "Er is niets te doen in de stad. Alle activiteiten zijn geannuleerd. Dat was wel een beetje een domper." No binne der kwealik ynkomsten wylst der in soad ynvestearre wurde moat yn it gebou.

"We willen heel erg graag de oude elementen van het pand laten zien. Dus de ornamenten in het plafond bijvoorbeeld of een oude open haard." Dy siet fuortstoppe achter in muorre. By de ferbouwing kaam dy wer tefoarskyn en no wurdt it de eachlûker fan de bar op de earste ferdjipping.

"Ik lig er wakker van"

De trije manlju wurkje sels ek hurd mei. Mei de wurkskuon en de overal oan steane se bûten te wrotten yn de modder om in ôffierbuis op it goede plak te lizzen. Se moatte wol. Harren takomst sit yn it gebou. "Mijn vriendin baalt er wel eens van", seit Adema. "Ik neem de zorgen van hier mee naar huis. Ik lig er ook wakker van."

Finansiering ynlutsen

Krekt foar de krisis ferkocht Adema syn café Shooters, in pear hûndert meter fierderop. It joech him in moaie finansjele basis om 'In de Brouwerij' op te setten. Mar de bank luts de finansiering werom. "Ze zien het niet zitten nu met nieuwe horeca. Maar het gaat om een grote investering, om veel geld. Er is voor ons geen weg terug."

It is ien fan de redenen wêrom't de telefoan hast oan Willem Adema syn ear fêstplakt sit. Der moat noch in soad regele wurde mei leveransiers. "Het is ons paradijs. Maar wel een paradijs uit eigen portemonnee."

Hotelkeamer mei útsicht op it Gerjochtshôf yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslan

It hurde wurk is dúdlik werom te sjen. De plafonds ha de alluere fan in paleiswente. "Je moet eens weten hoeveel schroeven daarvoor nodig zijn. En dat priegelwerk, man wat een werk."

"Als je goed kijkt kun je het verschil zien in de tinten goud. De ene tint heeft een ietwat donkerdere uitstraling. De basis daarvan is rood." It team wol de skiednis ek goed útsocht ha.

"Mijn vriendin is druk bezig met het terugvinden van de mensen die hier gewoond hebben", seit Adema. "Zo heeft ze net de bewoners gevonden die hier tijdens de oorlog zaten. We laten dat ook weer terugkomen. Zo hebben bijna alle hotelkamers de namen van de mensen die hier ooit gewoond hebben."

De tún fan In de Brouwerij kriget in glêzen oerkaping - Foto: Omrop Fryslan

No't de boppeferdjipping hast klear is komt de klam op de tún. Dy kriget in glêzen oerkaping en wurdt de lokaasje fan de eigen bouwerij. "We gaan hier ons eigen bier brouwen. De apparatuur is er al en wordt, zodra het kan, met een grote kraan over het gebouw getild", seit Adema. "Dan komt er dus een soort glazen koepel overheen."

"Vroeger was dit een binnentuin. In de jaren '50 is er een betonnen dak op geplaatst. Nu willen we het weer helemaal open maken om zo veel daglicht binnen te laten."

Help út ûnferwachte hoeke

It is de bedoeling dat it wurk ein febrewaris, begjin maart foar it grutste part klear is. Minsken dy't oars drok wiene yn de muzyk as technikus helpe. "Toen ik een jaar of 20 was zat ik ook in het licht en geluid", seit Adema. "Ik ken veel jongens uit die tijd. Die helpen hier met het elektrisch en de riolering. Die jongens moeten ook overleven."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei Willem Adema

Dizze hjerst komme der nije, sfearfolle en passende programma's by Omrop Fryslân. Want #wesettetroch yn dizze coronatiid! Op radio, telefyzje en ynternet is dêrom de takom wiken in rige mei portretten fan minsken dy't troffen binne troch de coronakrisis en fan need oar wurk fûn hawwe. Sy lizze har net del by tsjinslach en wolle harren sels rêde kinne. Sy sette troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)