Kollum: "Het Grotere Maatschappelijke Belang"

"Wy libje yn aparte tiden. De komplotten fleane jo om de earen, mar wat is no wier? Ik besykje my mar ta de feiten te beheinen en dy binne al konfrontearjend genôch. In pear foarbylden: Yn it foarste plak nochris de fraach oan jim, hoe komt in firus út Sina oeral op de wrâld telâne, sels op plakken boppe de poalsirkel dêr't jo allinnich mar mei it fleantúch komme kinne? Dat liket my net al te dreech. Dochs meie njonken alle maatregels dy't jo en ik alle dagen ûnderfine, de fleanmasines wol gewoan fleane. Sûnder 1.5 meter regels.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De toan fan Ferdinand de Jong
Hoe kin it dat yn lannen dêr't de minsken al tiden, en dan bedoel ik al moannenlang, mei in mûlkapke rinne, de oantallen besmettings like hurd oprinne as yn bygelyks Nederlân? Ek dat liket my net al te dreech te betinken. Se wurkje net. Dochs wurdt de lêste hân lein oan it ferplichtsjen fan dy mâle dingen, omdat wy, stjoerd troch de publike opiny, sels blike te wollen dat dy kapkes ferplichte wurde. Jantien de Boer fan de Leeuwarder Courant neamde minsken dy't yn de IKEA net sa'n ding foar de snút ha, al neaken en bleat. Nea witten dat ik in naturist bin.
Dan de minsken yn de soarch. Jim witte wol, dy wrotters dêr't ús politike kopstikken allegearre op de sosjale media foar stienen te hantsjeklappen. Der is net in fatsoenlik tinkend minske dy't dy helden net in bytsje in better salaris ta ha wol foar al dat bealgjen mei pasjinten dy't by in yllegaal feest de gryp oprûn ha. Dochs komt dy ferheging fan harren lean der net, omdat it kabinet wol fynt dat Schiphol iepen bliuwe moat en tûzen oare keunstgrepen tapast, mar by de soarch samar ynienen hiel prinsipieel de rjochtlinen fan de CAO folget. Sels as der in moasje yn de troch ús keazen demokratyske Twadde Keamer oannaam wurdt om dat te feroarjen, lizze de 'boven ons gestelden' dy njonken harren del. Hiel bysûnder. Myn beppe sei altyd: 'It sil harren der nei gean.' Beppe wie in wize frou.
En dat is noch net alles. Wy ha hjir yn Fryslân in stik natuer dat wrâldwiid ferneamd is. It Waad. Dêr lizze wat eilannen. Op ien fan dy eilannen hat it ministearje fan definsje jierren lyn harren each falle litten. Want der moat fansels wol oarlochje oefene wurde. No Jantien, ik bin my wol bewust fan it feit dat ik pasifist bin, dus dêr gjin misferstân oer. Goed, der wurde al wit ik hoe lang bommen op de Flyhors mitere. Strieljagers mei in stik leven dêr't jo de kofje fan út it kopke rammelet meie dêr harren rûntsjes fleane.
Sterker, út in rapport docht bliken dat soks totaal neat gjin skea oan de natuer docht. Dat gebolder en dat bommen smite is in tige ûnskealik proses. Nee, dat yn tsjinstelling ta dy ferskriklike Vliehors Express. Dat karke dêr't in stik as wat minsken mei nei it militêre oefenterrein tôge wurde om te sjen oft der noch in fûgeltsje te sjen is, dat is fansels tige slim foar it ekosysteem. Bureau Waardenborg hat dat yn opdracht fan it ministearje yn in rapport set.
Wêrom dat rapport? Omdat it ministearje gjin fergunning hat om dêr te oefenjen! Ja, jo lêze it goed. En no leit de oanfraach mei begeliedend rapport op it buro fan de minister fan Lânbou, Natuer en Fiskerij. Carola Schouten mei der in klap op jaan. En ik wik jim, de kâns dat se dat docht, is grut.
Yn al dizze foarbylden weaget nammentlik it saneamde 'Grotere maatschappelijke belang' swierder as logysk neitinke en foarkomme om plan-út de befolking foar te ligen. Oer ien ding binne Jantien de Boer en ik it wol hielendal iens: Net mear nei praatprogramma's sjen. Want je krije plakferfangende skamte fan al dy ministers dy't oeral rjocht lulle wat hartstikkene krom is."