Auto oer de kop slein op N31 by Drachten

31 okt 2020 - 07:15

Op de opreed nei de N31 by Drachten is freedtejûn om 23.00 oere hinne in auto yn de berm rekke en op syn kop bedarre.

Foto: SrFotografie

De auto belâne troch ûnbekende oarsaak yn de binnenbocht yn de berm. De bestjoerder ried dêrnei tsjin in betonnen blok, wêrnei't de auto op syn dak telâne kaam.

Der rekke gjinien ferwûne by it ûngelok; de bestjoerder kaam mei de skrik frij. De opreed hat in skoft ôfsletten west. In berger hat de auto wer kantele en ôffierd.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok N31
(Advertinsje)
(Advertinsje)