Froulju fan SC Hearrenfean ferlieze mei 3-0 fan oertsjûgjend FC Twente

It wie in striid foar de froulju fan SC Hearrenfean. Freedtejûn wie de fiifde kompetysjewedstriid tsjin FC Twente, op sportcampus Diekman yn Enschede. De froulju wienen net goed oan de kompetysje begûn en ek dizze wedstriid wisten se net te winnen. De froulju ferlearen mei 3-0 fan FC Twente.
© Orange Pictures
Al yn it earste kertier wist FC Twente goed druk te setten op de froulju fan Hearrenfean. It slagge harren lykwols noch net om in doelpunt te meitsjen. Ek fan de kant fan de froulju fan sportklup Hearrenfean wie it lang stil.

Fan stilte nei 3-0 foar Twente

Pas nei in goed healoere kaam der feroaring yn de wedstriid. Renate Jansen fan FC Twente wist har klup op foarsprong te setten mei in goal. En doe gie it ynienen rap: foar it skoft slagge it Elena Dhont en Kerstin Casparij beide om de bal yn de goal fan de Feanfroulju te sjitten. Dhont koe de bal binnen koppe. Casparij, dy't begjin dit jier noch foar Hearrenfean spile, koe dêrnei op kalme wize de bal yn de goal sjitte. FC Twente stapte it skoft yn mei in 3-0 foarsprong.

Wiksels bringe gjin feroaring

Mei de twadde helte kamen der in pear wiksels oan de kant fan SC Hearrenfean. Wiëlle Douma kaam nei it skoft net werom op it fjild, yn stee dêrfan stie Jasmijn Duppen der. Net folle letter makke Samantha Dewey romte foar Kirsten van de Westeringh. Dêrnei ferlieten ek Williënne ter Beek en Zoï van de Ven de wedstriid, dêr kamen Elze Huls en Eef Kerkhof foar werom. Ek dêr hâlde it net mei op, want Dana Philippo waard ferruile foar Alieke Tuin. Ek by Twente wienen in pear wiksels.
De wiksels mochten net folle mear helpe, FC Twente wist mei 3-0 oertsjûgjend te winnen fan SC Hearrenfean. Mei dy einstân bleaunen de punten yn Enschede.
Opstelling SC Hearrenfean: 1 Okken, 13 Douma, 8 Van Ginkel, 3 R. van der Veen, 5 Altelaar, 6 Philippo, 11 Van de Ven, 19 Hoekstra, 14 Dewey, 9 Cardoso, 7 Ter Beek