Jansen hâldt fêst oan de alve fan Emmen tsjin karakterploech Sparta

30 okt 2020 - 20:10

Trainer Johnny Jansen stjoert tsjin Sparta deselde alve spilers it fjild yn as ferline wike. Nei de 4-0 oerwinning op FC Emmen is der foar Jansen gjin inkele reden syn team te wizigjen. It liket derop dat hy syn ideale alvetal wol stean hat, mar dochs binne der neffens Jansen spilers dy't mei klam op 'e doar klopje.

Foto: www.orange-pictures.nl

"Ik moet eerlijk zeggen dat Sieben Dewaele mij heel erg bevalt. Hij heeft een lastige fase gehad in de voorbereiding, maar hij krabbelt nu echt op. Rami Hajal kan gewoon goed voetballen. En dan is er nog Dresevic die nu op de bank zit, maar vorig jaar alles heeft gespeeld. Dat zijn jongens die er dicht tegenaan zitten."

Johnny Jansen oer Hearrenfean:

Training SPAHEE Johnny Jansen

Sparta is ôfrûne woansdei útskeakele yn it bekertoernoai troch ADO Den Haag. De Rotterdammers stienen sawat de folsleine wedstriid foar troch in moai doelpunt fan Danzell Gravenberch. Mar yn ekstremis kopte doelman Luuk Koopmans de lykmakker tsjin de touwen. Omdat der yn de ferlinging net skoard waard, kaam it oan op strafskoppen, dêryn wie Bart Vriends de ûngelokkige troch de iennige penalty te missen.

Yn de kompetysje hat Sparta dit seizoen noch gjin inkele wedstriid wûn, de ploech stiet foarlêste. Toch fynt Jansen Sparta in mentaal sterke ploech. "Sparta heeft een heel degelijk elftal, dat bovendien weinig weggeeft. Behalve dan de wedstrijd tegen AZ, toen AZ met 0-4 voor kwam. Maar ze komen toch terug tot 4-4, dat zegt ook wel iets over de mentaliteit van Sparta. Er zit gewoon karakter in het elftal."

Johnny Jansen oer Sparta:

Johnny Jansen oer Sparta

Nei seis wedstriden witte de measte ploegen wol wat de spulwize is fan SC Hearrenfean. Dochs fernimt Jansen net dat oare ploegen har oanpasse. "Joey wordt natuurlijk wel veel meer onder druk gezet, maar dat is alleen maar goed, omdat hij dan sneller leert handelen. Verder heb ik nog niet gemerkt dat clubs anders spelen tegen ons. Maar dat gaan we vast nog wel meemaken."

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder, Floranus, Van Hecke, Bochniewicz, Woudenberg, Kongolo. J. Veerman, Batista Meier, Nygren, H. Veerman en Mitchell van Bergen.

De wedstriid wurdt sneintemiddei om 14.30 spile en is te folgjen fia de radio yn it programma Snein yn Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal Sparta
(Advertinsje)
(Advertinsje)