Learlingen bouwe in boat: "Sa kinne se fiele hoe't it is om te wurkjen"

30 okt 2020 - 19:43

Mear as in jier hawwe de learlingen fan it Comenius yn Ljouwert boud oan in stielen sloep. No is er klear. En dêrmei komt in ein oan in projekt dat de learlingen tariede moat op it wurksume libben. De sloep is no op transport gien nei Grinslân, dêr't mbo-studinten de sloep fierder ôfbouwe sille. Yn Ljouwert begjinne se oan in nijenien.

Learlingen Comenius bouwe in sloep

"Se hawwe hjir echte wurktiden en echte kollega's. Dat is oars as se op skoalle wend binne", seit Martin Jepkema yn de kantine fan it gebou oan de Zwettestrjitte. Dat der op it yndustryterein boud wurdt, en net op skoalle, is in wichtich ûnderdiel fan it projekt. "Dit jout se mear it gefoel fan hoe't it is om te wurkjen. Dat kinne we op skoalle nea sa echt meitsje."

Overdracht Sloep Comenius Zamenhof - Foto: CSG Comenius

It projekt is de útkomst fan in subsydzje fan it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid om jongeren yn de leeftiid fan 14 oant 18 jier in gruttere kâns op in baan te jaan. In jier lang ha tolve learlingen freedtemiddeis oan it klussen west.

It foldie bêst, seit de 15-jierige Matthijs Post. "Ik ben de lasser van het project, en dat is een belangrijke taak. Als ik het niet goed doe, dan valt die hele sloep weer uit elkaar."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Ik vind dit veel leuker dan de projecten die we op school doen. Hier heb je veel meer verantwoordelijkheid en mag je zelf dingen doen", seit Matthijs. Neist it bouwen fan de sloep binne learlingen fan it Comenius drok mei tal fan oare saken yn it gebou. Sa dogge se oan houtbewurking, en leare se te riden op in heftruck.

De sloep is noch klear, mar de learlingen fan it Comenius hawwe allinnich it kasko boud. De betimmering wurdt dien troch mbo-studinten fan it Alfacollege yn Grins. It is in gearwurking dy't tafallich ta stân kaam. Alfa-dosint Hans Jaarsma wie earder as frijwilliger belutsen by de bou fan de sloep, en geandewei ûntstie it idee om it skip yn Grinslân ôf te bouwen.

It lêste stik fan de bou moat healwei kommend jier klear wêze. Yn Ljouwert begjinne se wilens oan de bou fan in twadde sloep.

(Advertinsje)
(Advertinsje)