Fryske taalprojekten winne Europeeske priis foar nije inisjativen yn ûnderwiis

De projekten TaalTroost en Holi-Frysk ha de prizen yn de wacht sleept fan it 'Europees Talenlabel'. Dat is in Europeeske priis dy't ynnovative taalprojekten oanmoediget. De priis beleannet nije techniken yn it taalûnderwiis. Beide Fryske projekten binne ûntwikkele troch de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden.
In poster fan TaalTroost © TaalTroost
De earste priis fan de sjuery en it publyk gong nei it projekt TaalTroost. De bedoeling fan TaalTroost is dat skoalbern út groepen 5 oant en mei 8 harren âlden of pakes en beppes neitinke oer taal en moaie siswizen op in poster sette. Dat kin in boadskip wêze dat yn dizze nuvere tiid ferbliidzje of treastgje kin.

Posters yn it doarp

De bedoeling is dat de posters dêrnei te sjen binne foar de ruten fan de skoalle, by winkels of op grutte doeken. De start fan it projekt wie op de skoalle De Opslach yn Wommels, wêrnei't it projekt 'trochjûn' is oan oare skoallen.

"Het is een taalfeest"

"Het is een klein project, maar enorm groot in z'n bereik en opbrengsten", seit de sjuery oer TaalTroost. "Het is een buitengewoon sympathiek project in z'n laagdrempeligheid. Het levert prachtige resultaten op: de snackbarbaas die enthousiast is en die daarna meertaligheid in z'n snackbar gebruikt. Een van de juryleden zei: het is een taalfeest."
De twadde sjuerypriis is foar it projekt Holi-Frysk. Dat set him yn foar meartalich fuortset ûnderwiis. Mei in hiele rige lesaktiviteiten wurdt besocht om de hâlding fan learlingen en dosinten rjochting it Frysk positiver te meitsjen. Ek wurde skoallen holpen hoe't se nijkommers lesjaan kinne yn de ferskate talen.
"Het project is nog niet afgerond", seit de sjuery, "maar het levert nu al heel veel lesactiviteiten, oefeningen en werkvormen op. Die kun je ook allemaal online vinden. We kunnen er allemaal heel veel van leren."
It tema fan dit jier by it 'Europeesk Talenlabel' wie meartalich ûnderwiis foar elkenien. It ûnderwiis is faak rjochte op ien taal, it Nederlânsk, wylst der folle mear talen sprutsen wurde. Dêrom is der ferlet fan projekten dy't omtinken jouwe oan meartalichheid.