Wethâlder: "Hearrenfean hie gjin sicht op kosten nij Thialf, Ryk moat betelje"

It ryk moat mear meibetelje oan iisstadion Thialf. En reedrydbûn KNSB en it NOC*NSF moatte ek romhertiger finansjeel bijspringe. Dat fynt wethâlder Jelle Zoetendal fan it Hearrenfean. Nei de fernijbou fan it stadion hie de gemeente gjin sicht op de werklike kosten, seit er, en it hat twa jier duorre foardat dy yn kaart brocht wienen.
Yn It Polytburo seit Zoetendal dat dat wol oan de lette kant wie.