CDA wol njonken it Nederlânsk ek it Frysk erkenne yn de Grûnwet

30 okt 2020 - 19:09

It CDA wol de Nederlânske én de Fryske taal yn de Grûnwet opnimme as erkende taal. Dat hat de politike partij freed bekendmakke yn it konsept-ferkiezingsprogramma foar 2021-2025. Ek foar streektalen soe mear omtinken wêze moatte. Under oare it Nedersaksysk soe as offisjele oerheidstaal erkend wurde moatte.

De presintaasje fan it ferkiezingsprogramma - Foto: ANP

"Taal verbindt en maakt dat we elkaar begrijpen en verstaan," skriuwt it CDA yn it ferkiezingsprogramma, dat de namme Zorg voor Elkaar krigen hat. Fanwegen it belang fan taal soene de twa Rykstalen ek yn de Grûnwet ferankere wurde moatte. Dat jildt ek foar it Papiamintsk en it Ingelsk yn it Karibyske part fan it keninkryk.

Streektalen

Fierder soe it Nedersaksysk (dêr't ek it Stellingwerfsk ûnder falt) njonken it Limburchsk de erkenning krije moatte as offisjele oerheidstaal. Yn it ûnderwiis soe neffens de partij mear omtinken foar streektalen komme moatte. "De zorg voor wat ons als samenleving bindt zit ook in de symbolen van onze gemeenschap. We zijn zuinig op de Nederlandse taal en de streektalen," sa stiet yn it konsept-programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)