Op ferskate plakken yn Fryslân fûgels oantroffen mei de fûgelgryp

30 okt 2020 - 18:10

Ek yn Fryslân binne der op ferskate plakken fûgels oantroffen mei de fûgelgryp. Fûgelopfangsintrum De Fûgelpits by de Lauwersmar hat fiif fûgels teste litten en fjouwer fan de fûgels hiene it firus. Gemeente Amelân meldt ek dat der meardere pauguozzen fûn binne mei de fûgelgryp oan de eastkant fan it eilân, op it gebiet fan It Fryske Gea.

Fugelgryp Fugelpits FH

De NVWA hat de fûgels ûndersocht. Dierenambulance Ameland hat in tal sike pauguozzen teste litten. Ek It Fryske Gea lit ûndersyk dwaan nei trije kadavers. De Fûgelpits hat in tal meunsters fan fiif 'fertochte' fûgels ynstjoerd. It die bliken dat fjouwer fan de fiif it firus hiene.

Oprop: lit fûgels lizze

Organisaasjes dogge de oprop oan minsken om sike fûgels foaral net oan te reitsjen en net mei te nimmen. It is net oantoand dat der minsken siik wurde kinne fan it firus, mar mochten minsken al siik wurde, dan kinne sy it bêste kontakt opnimme mei de húsdokter of GGD. De fûgels kinne by it NVWA oanjûn wurde. By twivel kinne minsken ek kontakt opnimme mei De Fûgelpits, sa jout de opfang oan.

Eelke Jan Wiersma fertelt oer de fûgelgryp en wat je dwaan moatte as je in sike fûgel lizzen sjogge:

fugelpits

"Vanwege het grote besmettingsgevaar en omdat dat wij onze huidige bewoners van de opvang niet in gevaar willen brengen, hebben wij geen andere keuze op dit moment om de (vermoedelijk) besmette vogels NIET op te vangen in onze opvang! Dit is het meest tegenstrijdige bericht wat wij uiteraard willen geven maar gezien het gevaar voor onze andere dieren én onszelf, onze medewerkers en u als vinder vinden wij het op dit moment niet verantwoord de vogels op te vangen," sa lit De Fûgelpits witte.

Der wie al in ophokplicht foar plomfeebedriuwen yn Nederlân. It advys is ek oan eigeners fan hobbyfûgels om de bisten ôf te skermjen, sa't der gjin kontakt is mei wylde wetterfûgels of harren stront.

Eelke Jan Wiersma fan fûgelopfang De Fûgelpits yn Moddergat

Foto: ANP
(Advertinsje)
(Advertinsje)