Zembla: Granulyt De Deelen komt wol fan Amsterdamsk asfaltbedriuw

30 okt 2020 - 17:48

De 120.000 ton granulyt dy't Wetterskip Fryslân by natuergebiet De Deelen by Terbant stoart hat, komt wol fan it Amsterdamske asfaltbedriuw Bontrup. Dat seit Zembla-sjoernalist Roelof Bosma. Ut ûndersyk die bliken dat yn it Gelderske Over de Maas 750.000 ton granulyt stoart is, dat fersmoarge wêze kin. Neffens it Wetterskip soe it granulyt dat yn De Deelen brûkt is wol skjin wêze, om't it út Skandinavië wei komt en net fan it Amsterdamske bedriuw. Mar neffens Bosma is dat ûnmooglik.

Granulyt

"Het granuliet waar we het over hebben komt uit Nederland. Graniet Import Benelux haalt steen en graniet uit Schotland en Noorwegen, maar breekt het pas goed in Nederland. Daarbij komt het granuliet vrij. Het grootste probleem is dat er in Amsterdam een chemisch bindmiddel aan wordt toegevoegd. Dat gebeurt hier dus, niet in Noorwegen of Schotland, zoals het waterschap beweert. Dat staat ook zwart op wit. Dus wat het waterschap zegt, dat klopt gewoon niet", stelt Roelof Bosma.

Hy seit wol dat it goed kin dat der in oannimmer wie. "Er zal een aannemer tussen zitten, die zag zijn kans schoon. Want dit product is een stuk goedkoper dan gewone grond of klei. Dat zal hier een grote rol hebben gespeeld."

Effekten

No is de fraach, hoe skealik oft it granulyt is. Bosma: "Uit het chemische bindmiddel kan een kankerverwekkende stof komen, zeggen deskundigen. Zolang we de effecten niet goed kennen, zouden we het niet moeten gebruiken in het water."

Fragen oan it kolleezje

Betty van der Ven fan de PvdA yn de gemeente Hearrenfean is der net gerêst op: "Ik nim oan dat it gemeentebestjoer der neat fan wit, mar dat sil no wol feroarje. It giet ús ek om in moai stik natuer. Ik bin der wol fan skrokken."

Earder dizze wike stelde sy, tegearre mei PvdA-kollega Sybrig Sijtsma, skriftlik fragen oan it kolleezje fan Hearrenfean. Dat wit lykwols net folle mear, om't Wetterskip Fryslân de goede sertifikaten hie, wêrtroch't it neat hoegde troch te jaan oan de gemeente.

Zembla-sjoernalist Roelof Bosma en Betty van der Ven fan PvdA Hearrenfean oer it granulyt

Wetterskip Fryslân lit witte dat it noch net ynhâldlik reagearje kin op de saak. De organisaasje moat útsykje wat der bard is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)