Stimbus Fryske top 100 wurdt sneon iepene troch boargemaster Buma

It is tiid foar fleurichheid en ferbining. En wat soarget no foar mear ferbining as muzyk? Dêrom giet de Fryske top 100 dit jier earder fan start. Om presys te wêzen op sneon 31 oktober. Yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân jout de boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert it startsein foar de Fryske top 100. De stimbussen gean om 13.15 oere hinne iepen. Fan dan ôf kin elkenien syn of har stim útbringe fia www.frysketop100.nl.
Dielnimmers meitsje kâns op in jukebox © Omrop Fryslân
Yn stee fan optredens yn de studio fan Omrop Fryslân siket ferslachjouwer Willem de Vries de Fryske artysten dit jier op. Hoe is dizze perioade eins foar de muzikanten en is it foar harren dit jier ek ekstra bysûnder dat de Fryske top 100 wer fan start is? Live op de radio spylje sy harren eigen Fryske hit.
Dêrneist siket Omrop Fryslân it kontakt mei de harkers en sjoggers yn de útstjoering. Bringsto dyn stim út en hast der in ferhaal by? Presintator Geert van Tuinen bellet mei minsken thús en wol witte hokker top 5 sy trochjûn hawwe én wat harren ferhaal dêrby is.

Der falt wer wat te winnen

Elke 50ste stimmer krijt ek dit jier wer in moaie priis: in unike 'Set 'm op' Omrop Fryslân-mûtse. En wolst de iennige, echte Fryske top 100 jukebox winne? Lit dan dyn gegevens efter by it stimmen en harkje op âldjiersdei nei de útstjoering fan de Fryske top 100, want dan makkest kâns.
De iepening fan de Fryske top 100 is sneon 31 oktober tusken 13.00 en 18.00 oere live te hearren yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân. De útstjoering is ek te folgjen op telefyzje. Stimme op de Fryske top 100 kin oant twadde krystdei fia www.frysketop100.nl.