Roest is Kramer wer de baas op 5.000 meter, Jorrit Bergsma stelt teloar

Patrick Roest is foar de tredde kear op rige Nederlânsk kampioen wurden op de 5.000 meter. Yn de lêste rit rekkene de rider fan Jumbo-Visma ôf mei syn ploechgenoat Sven Kramer, dy't genôch nimme moat mei it twadde plak. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn stelt teloar en waard fjirde mei 6.16,24.
SvenKramer nei 5.000 meter op NK
© www.orange-pictures.nl
Patrick Roest wie mei 6.10,16 fierwei de rapste fan it fjild. Kramer kaam mei 6.15,26 net yn de buurt. It is de tredde kear op rige dat Roest Kramer fan de titel ôfhâldt. Op it NK fan 2019 stie Bergsma ek noch tusken beide mannen yn.
Marwin Talsma fan Grou foel krekt bûten it poadium, mar kin tefreden werom sjen op de 5.000 meter. Hy ried leafst fjouwer sekonden fan syn persoanlike rekôr ôf en waard mei 6.16,66 úteinlik fiifde. De bruorren Bob en Bart de Vries koene freed net meidwaan om de prizen. Bob einige op it njoggende plak, wylst Bart diskwalifisearre waard fanwegen 'lijnoverschrijding'.
JorritBergsma nei 5.000 meter op NK

Utslach 5.000 meter manlju

1. Patrick Roest 6.10,16
2. Sven Kramer 6.15,26
4. Jorrit Bergsma 6.16,24
5. Marwin Talsma 6.16,66
9. Bob de Vries 6.24,97
DSQ Bart de Vries 6.31,42