Plysjes fine 'stellen auto' oan de oare kant fan in flat yn Ljouwert

30 okt 2020 - 22:01

Plysjes dy't yn Ljouwert op in melding ôfkaam wiene fan in stellen auto, seagen de auto fuortendaliks stean, doe't se oankamen by de flat dêr't de auto wei stellen wêze soe. Dat meldt de plysje. It ynsidint wie oan de Surinamestrjitte.

Foto: ANP

De plysjes ha fuort de man belle dy't de melding dien hie. Doe die bliken dat er wat besoarge hie yn de flat, en dat er dêrnei troch in oare útgong nei bûten gong wie. Dêr koe er syn auto net mear fine.

Se ha de man sjen litten wêr't syn auto stie. "Tot vreugde van, in ieder geval, de melder", seit de plysje.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)