Provinsje: Middelbere skoallen jouwe mear oeren Fryske les

30 okt 2020 - 16:18

Santjin skoallen yn Fryslân ha it ôfrûne jier mear oeren Fryske les jûn as it jier dêrfoar. It giet om skoallen yn it fuortset ûnderwiis en mbû-skoallen. Se meitsje gebrûk fan in subsydzjepakket dat de provinsje mei goed 140.000 euro ferhege hat. Skoallen koene oanspraak meitsje op jild út dat pakket om mear Frysk te jaan.

Foto: Omrop Fryslân

De skoallen hiere der bygelyks leararen fan yn of keapje lesmetoaden yn. Se soargje der mei it jild foar dat it Frysk de learlingen mear oansprekt. "Yn totaal gie it yn 2019-2020 om 127,5 ekstra lesoeren yn de wike", seit deputearre Sietske Poepjes. Dat komt boppe op it tal oeren Frysk dat der gewoanwei al jûn wurdt. It betsjut bygelyks dat it Frysk oantrekliker makke wurdt, mar ek dat it nivo fan it Frysk omheech giet, sa tinkt de deputearre.

"It giet dan bygelyks om de stavering. Der wurdt no mear mei literatuer dien, sa as boeken spesjaal foar jongeren. Dat is in grut ferskil mei hoe't it bygelyks yn de jierren 80 gie", leit Poepjes út. "Bern lêze absolút noch wol. Fansels minder troch de opkomst fan nije media, mar sjoch allinnich mar nei it sukses fan de Harry Potter-boeken."

Yn septimber hat der in spesjaal webinar west tusken de provinsje en alle skoalkoepels. "Sy jouwe oan dat se no mear mei it Frysk dogge en it nivo omheech gien is", seit Poepjes. Der binne lykwols ek skoallen by, dêr't it Frysk al op in heech nivo siet. Dy skoallen hienen de regeling net nedich. Der binne neffens Poepjes hieltyd minder skoallen dy't sizze, dat se gjin tiid ha foar it Frysk.

Deputearre Sietske Poepjes oer it Frysk op skoalle

Trefwurden: 
Frysk ûnderwiis subsydzje taal
(Advertinsje)
(Advertinsje)