Jesper Hospes teloarsteld mei sechde plak op 500 meter

30 okt 2020 - 15:41

Jesper Hospes is op de 500 meter op it NK ôfstannen op it sechde plak einige. Hy koe net yn 'e buert komme fan it poadium, dat bestie út trije riders fan team Jumbo-Visma. Dai Dai N'tab is foar de fjirde kear Nederlânsk kampioen, Hein Otterspeer einige as twadde en Kai Verbij makket it poadium kompleet.

Foto: Orange Pictures

It is foar it earst dat der wer twa kear in 500 meter riden wurdt op in Nederlânsk kampioenskip. Dat wie eartiids ek sa, mar dat is op in bepaald momint ôfskaft. Beide 500 meters wurde byinoar opteld en dan krije je in klassemint mei de útslach op de 500 meter.

Op de earste 500 meter ried Hospes nei 35,46. De twadde wie justjes rapper: 35,42. Dy beide tiden laten úteinlik dus ta it sechde plak. Dat wie in teloarstelling foar de rider fan it Gewest Fryslân. "Nee, hjir hie ik foarôf net foar tekene. En dus bin ik ek net tefreden", fertelt Hospes nei ôfrin.

Sjoch hjir nei de reaksje fan Jesper Hospes.

Jesper Hospes

Utslach 500 meter manlju

1. Dai Dai N'tab 34,80 en 34,84
2. Hein Otterspeer 35,02 en 34,86
3. Kai Verbij 35,13 en 35,24
4. Lennart Velema 35,36 en 35,34
5. Tijmen Snel 35,39 en 35,31
6. Jesper Hospes 35,46 en 35,42
(Advertinsje)
(Advertinsje)