Freedsmerk oer Amerikaanske ferkiezingen: "It is kieze út twa kweaden"

30 okt 2020 - 15:22

"It is kiezen út twa kweaden, mar as dat moat is Biden de bêste...", dat wie it lûd dat it meast te hearren wie op de Ljouwerter freedsmerk oer de Amerikaanske presidintsferkiezingen dy't tiisdei hâlden wurde. De hjoeddeiske presidint Donald Trump koe op de meast ekstreme reaksjes rekkenje: "Dy man is libbensgefaarlik foar de hiele wrâld" en: "Trump is in totale idioat en in machtsmisbrûker."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Fierder waard wiisd op syn corona-oanpak, dat Trump gjin each hat foar de lytse man en dat hy allinnich út wêze soe op noch mear jild. In oar neamde dat Trump wol 100 persint efter Israel stiet wat foar har hiel wichtich is en dat hy it de lêste fjouwer jier dochs bêst knap dien hat, benammen op ekonomysk mêd.

Ek waard kritysk reagearre op de wize wêrop't de Nederlânske media mei dizze ferkiezingen omgean. "Als je naar de talkshowtafels kijkt, zit daar zelden iemand die pro-Trump is."

Benaud

In Amerikaanske basketballer fan Aris sei dat in soad Amerikanen 'unfortunately' noch altyd efter Trump stean en dat soks mei komt troch de 'weaknesses' fan Biden. En dan wie der ek noch immen benaud foar de gefolgen as Trump net wint: "Dan akseptearret hy dy útslach net. En as syn efterban dat ek net doch, dan krije we noch mear rellen, bin ik bang..."

De freedsmerk oer de Amerikaanske ferkiezingen

(Advertinsje)
(Advertinsje)