Antoinette de Jong mei twadde plak bêste Friezinne op 1500 meter

30 okt 2020 - 14:24

Reedrydster Antoinette de Jong is twadde wurden op de 1.500 meter by de NK ôfstannen yn Thialf. Se sette in tiid fan 1.55,98 del. Dêrmei wie se de bêste Friezinne. De titel gong nei Jorien ter Mors mei 1.55,50, dy't De Jong yn deselde rit fersloech. Titelferdigener Melissa Wijfje pakte it brûns.

Foto: Orange Pictures

Flak efter Wijfje einige achtfâldich kampioene op dizze ôfstân Ireen Wüst yn 1.56,72. Dêrmei waard se fjirde.

Ter Mors werom fan blessuere

Ter Mors hie de lêste jierren in soad lêst fan blessueres, mar sjoen har 1.55,50 op de 1500 meter liket se dêrmei ôfrekkene te hawwen. De Jong finishte krekt efter har yn 1.55,98. Wijfje wie de regearjend kampioene, mar kaam net fierder as 1.56,66. Dat bringt har de brûnzen medalje.

Yn de lêste rit kaam sawol Wüst as Reina Anema net oan de tiden dy't dêrfoar riden waarden. De tiid fan Wüst wie 1.56,72 en dy fan Anema 1.58,29. Dat is goed foar it sânde plak.

Groenewoud ferrast

Wat opfalt wie de goeie prestaasje fan Marijke Groenewoud. Se is spesjalisearre op de maraton, mar kin ek hiel aardich út de fuotten op de lange baan. Se einige as fiifde en yn in 'gewoan' seizoen wie dat goed west foar in wrâldbekerticket. Boppedat ried se ek noch in persoanlik rekôr op de 1500 meter. Har 1.57,52 wie in ferbettering fan goed acht tsienden op har foarige beste tiid. Myrthe de Boer kaam net fierder as 2.02,57

Utslach 1500 meter froulju

1. Jorien ter Mors 1.55,50
2. Antoinette de Jong 1.55,98
3. Melissa Wijfje 1.56,66
4. Ireen Wüst 1.56,72
5. Marijke Groenewoud 1.57,52
7. Reina Anema 1.58,29
16. Myrthe de Boer 2.02,57
(Advertinsje)
(Advertinsje)