149 nije besmettingen yn Fryslân, lanlik foar it earst mear as 11.000

30 okt 2020 - 14:20

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 149 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne in stik mear as de ôfrûne dagen. Tongersdei wiene it 123, woansdei noch 94. Lanlik binne der freed 11.141 positive testen registrearre. Heger hat it noch net west.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Dat hegere sifer komt trochdat der nei de steuring fan woansdei meldingen letter dien binne en trochdat der lanlik mear test is. Yn Fryslân is de ôfrûne wike just minder test. It byld is wol hoopfol, seit it RIVM.

Measte besmettingen yn Súdwest

De measte nije besmettingen wurde wer meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Dêr binne it der 33. Skiermûntseach en Flylân binne de iennige twa Fryske gemeenten dy't freed gjin nije besmettingen melde.

Der binne gjin nije sikehûsopnamen meld yn Fryslân, wol ien stjergefal. Dat giet om in ynwenner fan De Fryske Marren.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir)

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)