Fred van der Winkel nije presidint rjochtbank Noard-Nederlân

30 okt 2020 - 13:58

Fred van der Winkel wurdt de nije presidint fan de rjochtbank Noard-Nederlân. Hy begjint op 1 desimber mei syn funksje. Hy wurket no noch as presidint by it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert.

Fred van der Winkel - Foto: Rechtspraak

Van der Winkel begûn yn 1991 yn de juridyske wrâld by de rjochtbank Almelo. Dêr waard er yn 2001 presidint. Yn 2013 stapte er oer nei it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert.

Hy wurdt de opfolger fan waarnimmend rjochtbankpresidint Herman van der Meer. Van der Meer kin him dêrmei wer folslein rjochtsje op syn taak as presidint fan it gerjochtshôf Amsterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)