Dalstra Reizen makket trochstart en bliuwt yn hannen fan famylje Dalstra

30 okt 2020 - 13:27

Ferfiersbedriuw Dalstra Reizen yn Surhústerfean makket in trochstart en bliuwt yn hannen fan de famylje Dalstra. It bedriuw waard op 22 septimber fallyt ferklearre troch de rjochtbank. Kurator Marco Kalmijn gie dêrop fuortendaliks yn petear mei de famylje Dalstra oer hoe't it bedriuw dochs behâlden wurde koe.

Dalstra Reizen makket trochstart en bliuwt yn hannen fan famylje Dalstra

De famylje Dalstra sjocht nei de coronakrisis wer takomst foar it busbedriuw, lit Kalmijn witte. Foarearst gean se sels troch mei de aktiviteiten en de ritten. As de merk opnij oanlûkt, sil de famylje wer personiel oannimme. Dêrfoar wurde dan earst de 35 eardere wurknimmers benadere.

Kurator Kalmijn is bliid mei de trochstart fan it famyljebedriuw en is derfan oertsjûge dat it wer útgroeie kin nei de omfang fan foar de coronakrisis.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Kurator Marco Kalmijn oer de trochstart fan Dalstra Reizen

(Advertinsje)
(Advertinsje)