Wetterskip Fryslân: Granulyt yn De Deelen kaam net fan in asfaltbedriuw

Wetterskip Fryslân brûkt foarearst gjin granulyt mear. Dat seit deistich bestjoerslid Jan van Weperen fan it wetterskip. De organisaasje hat fjouwer jier lyn 120.000 ton granulyt brûkt by in pear projekten yn de gemeente Hearrenfean, wêrunder in projekt yn natuergebiet De Deelen. Neffens Van Weperen kaam dat granulyt net fan in asfaltbedriuw.
It haadkantoar fan Wetterskip Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De PvdA yn de gemeente Hearrenfean hat grutte soargen fanwege problemen mei granulytstoartingen yn Gelderlân. Dêr soe wetter bot fersmoarge wêze troch granulytstoartingen troch in asfaltbedriuw. TV-programma Zembla makke earder dit jier in pear útstjoeringen oer dizze affêre.
Jan van Weperen seit yn in reaksje dat Wetterskip Fryslân allinnich 'sertifisearre granulyt' brûkt hat, dat ôfkomstich is út Noarwegen en Skotlân en gjin ôffal brûkt hat fan in asfaltbedriuw. Likegoed wol it wetterskip it wisse foar it ûnwisse nimme. Der is dêrom besletten om foarearst gjin granulyt mear te brûken.

Wetterkwaliteit foarop

"Waterkwaliteit staat bij ons hoog in het vaandel. Wij zullen daarom geen product gebruiken dat mogelijk nadelige effecten heeft op die kwaliteit", sa seit Van Weperen. Hy seit derby dat der neffens him gjin oanlieding is foar grutte soargen yn de gemeente Hearrenfean.
"Wij hebben geen zaken gedaan met een asfaltbedrijf. Wat wij hebben gebruikt is gruis van delfstofwinning uit Noorwegen en Schotland. Wij noemen granuliet ook wel 'Noors leem'. Wij gebruikten het omdat het goedkoop is en geen water doorlaat, maar zullen dat voorlopig niet meer doen", leit Van Weperen út.
Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân oer it brûken fan granulyt