GGD hat noed oer oprinnend tal besmettingen ûnder âlderein en yn soarchsintra

30 okt 2020 - 12:07

It tal fêststelde coronabesmettingen yn Fryslân rint foar de twadde wike op rige werom, mar it persintaazje besmettingen ûnder âlderein en yn soarchsintra nimt ta. Dat seit de GGD Fryslân. Dy wol dêrom noch net al te optimistysk wêze oer de totale delgong fan de sifers.

GGD hat noed oer oprinnend tal besmettingen ûnder âlderein en yn soarchsintra

Fan de goed 900 besmettingen de ôfrûne wike wie hast in kwart sechstich jier of âlder. Dat persintaazje is de ôfrûne wiken hieltyd heger wuden. Dat jildt ek foar it tal fersoargings- en ferpleechhûzen dêr't bewenners of meiwurkers posityf test op it firus. De GGD hat noed oer dy ûntwikkeling. Se freegje jongerein mei klam om 'bewust' om te gean mei besite oan âlden en pakes en beppes.

Tal tests is rint werom

It tal coronatests dat yn Fryslân ôfnaam is, is foar it earst yn in moanne minder wurden. De ôfrûne wike binne der 7.925 minsken nei ien fan de fjouwer GGD-testlokaasjes kaam. In wike earder wiene dat noch 10.117. De deistige testkapasiteit is sûnt de iepening fan de testlokaasje yn Kollum goed 1.800 deis.

Troch de gruttere kapasiteit en de legere fraach is der no gjin wachttiid mear. Wa't klachten hat en him of har meldt, kin no op deselde dei terjochte by ien fan de lokaasjes.

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)