PvdA Hearrenfean stelt fragen oer miljeufeiligens granulytstoarting yn De Deelen

30 okt 2020 - 11:58

De PvdA yn de gemeente Hearrenfean makket him soargen oer de miljeufeiligens fan 120.000 ton granulyt dy't yn 2016 yn opdracht fan Wetterskip Fryslân yn natuergebiet De Deelen by Terbant stoart is. De partij wol witte oft it skealike effekten hat op de natuer en de wetterkwaliteit en oft it noch wol feilich is foar rekreanten yn De Deelen.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Granulyt is in restprodukt dat ûntstiet by it meitsjen fan asfalt en wurdt wol brûkt om boaiems fan bygelyks sânwinningsplassen op te foljen. Yn De Deelen is it brûkt foar it ferstevigjen fan de boezemkade. Nei ûndersyk fan it programma Zembla docht bliken dat hielendal net wis is oft dat wol feilich is foar de natuer.

Yn it Gelderske gebiet Over de Maas is 750.000 ton granulyt stoart. Dat soe dien wêze nei't de asfaltprodusint druk útoefene hat op de polityk en Rykswettersteat. Troch de útstjoering dy't Zembla hjiroer makke, kaam Betty van der Ven fan PvdA Hearrenfean derefter dat ek yn har gemeente granulyt stoart is. Mei partijgenoat Sybrig Sijtsma hat se no skriftlik fragen steld oan it kolleezje fan Hearrenfean.

"Gjin reden foar soarch"

Wetterskip Fryslân lit witte dat se it granulyt op in oare wize tapast hawwe as yn it gebiet yn Gelderlân. Dêrom is der neffens de organisaasje hjir gjin reden foar soarch. Ek kaam it granulyt dat se brûkt ha net fan deselde asfaltprodusint.

It wetterskip krige it granulyt oanbean troch in oannimmer, as alternatyf foar klaai. De organisaasje hat it materiaal goed ûndersocht en kaam ta de konklúzje dat it in feilige opsje wie. Dit wie lykwols de lêste kear dat Wetterskip Fryslân it materiaal brûkt hat, mar dat soe komme om't it se dêrnei simpelwei net mear oanbean is.

Betty van der Ven fan PvdA Hearrenfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)