Fotocadeau mei âlde gemeentehûs fan Kollumerlân keapje, seit kolleezje

It kolleezje fan de gemeente Noardeast-Fryslân ferkeapet it âlde gemeentehûs yn Kollum oan fotocadeau.nl. Yn totaal wiene der trije partijen dy't wol earen hiene nei it gemeentehûs, dat yn septimber yn de ferkeap kaam.
It gemeentehûs fan Kollumerlân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It bedriuw dat it gebou no keapet, kaam as bêste út de seleksjekommisje. Dy seach nei ûnder oare it keapbedrach, de ynfolling fan it pân en it tal personielsleden. Fotocadeau.nl hie in skoftlyn al ynteresse toand. De gemeenteried moat noch wol akkoart gean mei de ferkeap.
It gebou kaam yn de ferkeap troch de fúzje fan Kollumerlân mei Ferwerderadiel en Dongeradiel. De gemeenteried sit tenei yn Dokkum, wêrtroch't de gemeentehûzen yn Ferwert en Kollum yn de ferkeap koene. De gemeente seit net hoefolle jild Fotocadeau.nl foar it gebou betellet.
Wethâlder Theo Berends oer de ferkeap fan it gemeentehûs
Direkteur Halbe Boersma fan Fotocadeau