Sander Arends útskeakele yn kwartfinale Nur-Sultan

30 okt 2020 - 11:39

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is der yn Nur-Sultan (Kazachstan) net yn slagge de heale finale te berikken fan it Astana Open. Hy gie mei dûbeldmaat Artem Sitak mei 3-6 en 6-7 ûnderút tsjin Ben McLachlan út Japan en Franko Skugor út Kroäsië.

Foto: www.orange-pictures.nl

McLachlan en Skugor binne yn Kazachstan as fjirde pleatst. It duo makke de favoriterol wier troch de earste set te winnen mei in break foarsprong. Yn de twadde set koene Arends en Sitak goed bybliuwe. By in stân fan 6-6 moast in tiebreak de beslissing bringe. Dêryn waard it 7-4.

Ferline wike helle Arends noch de heale finale fan it ATP-toernoai fan Antwerpen mei dûbeldmaat Pablo Andujar. Takom wike besiket hy mei syn fêste maat David Pel mei te dwaan oan it challengertoernoai fan Eckental yn Dútslân. It is allinnich de fraach oft dat toernoai trochgiet, no't de coronamaatregels yn Dútslân in stik stranger wurden binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)