Spesjaalûnderwiisskoalle It Hearrenfean ticht om besmette learkrêft

30 okt 2020 - 11:12

De Duisterhoutskoalle foar spesjaal ûnderwiis op It Hearrenfean is oant en mei nije wike freed ticht, omdat der in learkrêft besmet is mei it coronafirus.

Foto: Shutterstock

Nei oerlis mei de GGD en it bestjoer fan de skoalkoepel hat de skoalle besletten om de hiele wike ticht te gean. Alders, learlingen en de meisizzenskipsried binne tongersdeitejûn op de hichte brocht. Dat jildt ek foar de ferfiersbedriuwen dy't de bern nei skoalle bringe en wer ophelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)