Goed natuernijs: Amelanner strân hieltyd geskikter foar dûkelmantsje

30 okt 2020 - 10:57

It Noardseestrân op it westlike diel fan It Amelân wurdt hieltyd mear in gebiet dêr't strânbrieders har goed nestelje kinne. Benammen it seldsume dûkelmantsje ('strandplevier') profitearret derfan. Yn trije jier is it tal spantsjes groeid fan ien nei op syn minst sechstjin.

De ferwachting is dat it tal spantsjes de kommende jierren allinnich mar grutter wurdt. En dat wylst it dûkelmantsje it yn Nederlân faak dreech ha. It Amelân is dus in positive útsûndering. Der binne dus sechstjin nêsten fûn, mar der binne ek waarnimmings fan jonge fûgels dy't tsjutte op noch mear nêsten dy't net fûn binne. Dat jout ek oan dat de nêsten goed kamûflearre binne.

Fjirtjin nêsten ha net laat ta briedsukses. Yn fiif gefallen is it wis dat dat troch natuerlike oarsaken komt, by de oare gefallen is dat nei alle gedachten ek de reden. Ekolooch Johan Krol fan Natuurcentrum Ameland sjocht mei Rykswettersteat hoe't dat briedsukses better wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)