Poiesz wol nije supermerk bouwe yn Noardburgum

30 okt 2020 - 09:48

Supermerkketen Poiesz is fan doel in nije fêstiging te bouwen yn Noardburgum. It bedriuw hat de earste plannen presintearre, no komt der in ûndersyk nei de helberheid. De ried fan Tytsjerksteradiel en omwenners binne yntusken op de hichte brocht.

In ympresje fan de Poiesz yn Noardburgum - Foto: Tytsjerksteradiel

Poiesz hat earder besocht om in supermerk te bouwen yn Noardburgum, mar dat kaam net fan de grûn. Doarpsbelang hie doe wol sein dat der yn it doarp ferlet is fan in supermerk. Ferline jier ha it doarpsbelang, de gemeente en Poiesz dêrom nei in geskikte lokaasje socht. Dy ha se no fûn, flakby de rotonde yn de Ryksstrjitwei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)