FIDEO: Jan de Krijger wit 'alles' oer de Ofslútdyk: "Het voelt een beetje als mijn dijk"

30 okt 2020 - 09:00

Jan de Krijger (75) is frijwilliger in it Ofslútdyk Wadden Center. As gasthear dielt er graach syn kennis mei de besikers. Der is mar in bytsje, dat Jan net wit oer de Ofslútdyk. Syn hiele libben hat er dêrmei te krijen hân. Dat begûn al by syn berte.

FIDEO: Jan de Krijger weet 'alles' over de Afsluitdijk: "Het voelt een beetje als mijn dijk”

Jan waard berne yn Wieringen. Ut syn sliepkeamersrút seach er sa oer de dyk nei de Waadsee. Jan beskôget de dyk foar syn bertehûs as diel fan de Ofslútdyk.

"Wat maar weinig mensen weten is dat de Afsluitdijk eigenlijk loopt van Den Helder tot aan Harlingen. Wieringen was vroeger een eiland, net als Texel. Om de Afsluitdijk te kunnen aanleggen werd daarom eerst een dijk van Den Helder naar Den Oever aangebracht", fertelt er.

Dat Jan yn Wieringen berne waard, kaam troch syn pake. Dy ferhuze yn de jierren '20 fan de foarige iuw nei Wieringen om as stiensetter mei te wurkjen oan de oanlis fan de Ofslútdyk.

Trije generaasjes Rykswettersteat

Jan syn heit wurke ek as dyksopsichter by Rykswettersteat. Jan gie sels noch in stapke fierder as syn heit en hy learde wei- en wetterbou oan de HTS. Dêrfoar hie er yn de fjirde klasse fan de middelbere skoalle (ULO) al in skripsje oer de Suderseewurken skreaun.

Nei syn ôfstudearjen giet Jan oan it wurk by Rykswettersteat as wurktarieder en letter as kostemanager. Troch de jierren hinne docht er geregeld putten op de Ofslútdyk. "Ik vond het altijd prachtig als er weer iets op de Afsluitdijk mocht doen. Het voelt toch een beetje als mijn dijk", fertelt er.

Gasthearskip

Jan is no mei pensjoen. As gasthear beäntwurdet er fragen fan besikers fan it Ofslútdyk Wadden Center. Hy bliuwt op de hichte fan alles wat op de Ofslútdyk bart. Jan snapt as gjin oar hoe wichtich oft de Ofslútdyk foar Nederlân is.

"Ik heb pal achter de dijk gewoond en toen gezien hoeveel kracht de zee heeft. Wij als waterbouwers moeten de dijken sterk houden, zodat we tegen onze kleinkinderen kunnen zeggen dat hier veilig is. Het is mooi dat we dat met z'n allen voor elkaar gekregen hebben. Daar ben ik best wel trots op."

De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)