Mbû-studinten Friese Poort leare yn sikehûs Nij Smellinghe: "Nog nooit vertoond"

30 okt 2020 - 08:58

Sikehûs Nij Smellinghe bout op it eigen terrein in skoalle dêr't mei yngong fan 2022 hûnderten studinten fan ROC Friese Poort folwoeksenûnderwiis folgje kinne. De bedoeling is om de studinten ek yn te setten yn de soarch.

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Troch de bou fan de skoalle kinne de mbû-studinten in oplieding folgje yn in omjouwing dy't folle realistysker is as in 'gewoan' skoalgebou. Neffens Nij Smellinghe en Friese Poort wurdt de kwaliteit fan de oplieding dêr ek better fan. De studinten kinne ûnder begelieding oan de slach op de ôfdieling fan dei-opnames.

Een regionaal ziekenhuis met een mbo-instelling? Nog niet vertoond.

Bestjoersfoarsitter Bert Kleinlugtenbeld fan Nij Smellinghe

"Je ziet in de academische wereld wel dat studenten worden opgeleid in academische ziekenhuizen. Maar een regionaal ziekenhuis met een mbo-instelling? Nog niet vertoond in het land", seit bestjoersfoarsitter Bert Kleinlugtenbeld fan Nij Smellinghe. Dy hat sels in achtergrûn yn it ûnderwiis en dat helpt, seit Dick ter Wee, direkteur fan de Friese Poort-fêstiging yn Drachten. "Hij begrijpt dat dit belangrijk is."

Nije oplieding

De gearwurking smyt in nije stúdzje op: Food and Care, in mbû-oplieding op nivo 4. Dy rjochtet him op iten dat pasjinten helpe kin om op te knappen.

De bou kostet miljoenen euro's. It sikehûs betellet dat. Friese Poort tekenet in hieroerienkomst fan ferskate jierren.

Direkteur Dick ter Wee fan ROC Friese Poort yn Drachten

(Advertinsje)
(Advertinsje)