Kollum: "Samhain"

30 okt 2020 - 08:23

"Moarn is it alwer de lêste dei fan oktober en op dizze dei fierden de Kelten Samhain. It skynt ien fan de âldste feesten te wêzen dy't troch ferskate kultueren fierd waard om in healjier sinneljocht ôf te sluten. Tagelyk wie it ek de tarieding op de winter en it begjin fan in nij jier. Foar de Kelten begûn alles út it tsjuster wei. In nije dei begûn ek as de sinne ûnder gong en net om tolve oere nachts.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Yn de nacht fan 31 oktober is de grins tusken it libben en it deaderyk it tinst. It wie dêrom in geskikte tiid om de foarâlden en oare minsken dy't ferstoarn binne te earjen. Neffens guon ferhalen wie de grins mei it ryk fan de elven en oare natuergeasten ek ferdizene. Dêrom setten se wol iten en molke foar de doar en hopen se dat de natuergeasten de minsken net pleagje soene.

Foar de foarâlden waarden bygelyks ekstra pannen op 'e tafel set mei it jûnsiten. Ast gelok hiest, dan makken se kontakt mei dy troch dreamen of symboalen en joegen se advys, beskerming en begelieding foar it nije jier. De festiviteiten waarden ferspraat oer trije dagen. Sa koest eltse nacht in ritueel dwaan of in feest fiere. It wie ek de tiid om de lêste rispinge fan it lân te heljen, it fee te slachtsjen dat âld of net sûn mear wie en dêrom wurdt novimber ek wol de slacht- of bloedmoanne neamd.

Troch de opkomst en fersprieding fan it Kristendom rôp de roomsk-katolike tsjerke 1 novimber út ta in dei om alle hilligen te earjen en 2 novimber waard de dei om alle ferstoarne minsken te betinken. Dizze dagen kenne wy no noch as Allerheiligen en Allerzielen. Allerheiligen is yn it Ingelsk All Hallows en de katolike Ieren fierden op 31 oktober All Hallow's Eve om kweade geasten te ferjeien.

De Ieren dy't emigrearre binne nei Amearika ha dizze tradysje meinommen en dat is Halloween wurden. Op 31 oktober rinne bern ferklaaid by de doarren del om wat lekkers. De pompoenen mei inge gesichten om geasten te ferjeien, wiene oarspronklik knollen, mar yn Amearika groeie mear pompoenen. It hat wol oerienkomsten mei ús ljochtfeest Sint Maarten, op 11 novimber. Dat wie yn 'e midsiuwen in bidlersfeest foar earme minsken dy't wol wat stipe brûke koene foar de winter.

Maarten van Tours libbe in de 4e iuw nei Kristus en wie in legeroffisier. Foar de poarte fan de Frânske stêd Amiens seach er op in kâlde jûn in bidler stean. Maarten krige begrutsjen, mar hie gjin jild by him. Doe hat er syn offisiersmantel stikken snien en joech er de bidler syn eigen helte, want de oare helte wie fan it leger. Dy nacht kaam de bidler as in ferskining fan Kristus yn syn dreamen, mei de heale mantel om. Maarten liet him bekeare en sette him yn foar de earmen en siken.

Yn al dizze ferhalen sit in bepaalde symbolyk mar hjoed-de-dei giet it benammen om de kommersje fan Halloween en it snobbersguod mei Sint Maarten. De rest hearst net safolle mear oer en dat fyn ik spitich. We libje oerwaagjend yn weelde en binne net mear sa ôfhinklik fan de seizoenen, mar dochs fiele in protte minsken noch wol dat it weromkommen fan it tsjuster in spirituele tiid yn it jier is.

Mei Samhain begjint in moaie perioade om de balâns op te meitsjen en ta dy sels te kommen. Op it ynternet steane ferskate rituelen dy't dy dêrby helpe kinne, dus jou dy mar ris oer oan de enerzjy fan dit bysûndere wykein. Miskien barre der wol magysk moaie dingen."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)