Delgong tal Fryske coronabesmettingen set troch

30 okt 2020 - 08:19

Der binne yn de ôfrûne sân dagen 928 Friezen posityf test op it coronafirus. Dêrmei wurdt de delgeande trend yn Fryslân trochset. Twa wiken lyn wiene it der noch 1160. Ferline wike waard de delgong ynset, doe wiene it der 1051.

It tal coronabesmettingen yn Fryslân fan de lêste trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Njonken Fryslân binne der noch trije provinsjes dêr't it stadichoan wat better giet: Grinslân, Drinte en Seelân. It betsjut lykwols noch net dat der sicht is op minder strange maatregels. It kabinet hat tiisdei sein dat de kâns grut is dat de maatregels langer duorjen bliuwe. En it liket der ek net op dat der in regionale ferromming komt, "Ook in Fryslân liggen de ziekenhuizen en wordt de GGD tot het maximale opgerekt", sei foarsitter fan de feilichheidsregio Sybrand Buma dizze wike noch by Omrop Fryslân. "We moeten geen illusie hebben, het is hier ook heel heftig."

Minder besmettingen dus, mar it tal stjergefallen rint wol op. De ôfrûne wike binne der njoggen Friezen stoarn oan it coronafirus. In wike lyn wiene dat der noch fjouwer. Yn totaal binne der no 85 Friezen stoarn oan it firus.

Measte besmettingen yn Súdwest-Fryslân

De measte besmettingen binne de ôfrûne wike wer fêststeld yn Súdwest-Fryslân. Dat wie ferline wike ek al sa, mar ek dêr rint it tal nije gefallen ôf: fan 215 nei 175. Ek yn de gemeente Ljouwert, dat nei Súdwest-Fryslân de measte besmettingen hat, wurdt it tal positive tests minder: fan 196 nei 156.

Minder sikehûsopnamen

Der binne de ôfrûne wike twa Friezen opnaam yn it sikehûs, neffens de sifers fan it RIVM. Dat binne in stik minder as de wike dêrfoar, doe wiene it 14. Dat wie it heechste oantal sûnt ein maart. It grutste part fan de coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen komt út oare regio's.

Delgong minder hurd as opkomst

Foar de twadde wike op rige rint it tal positive tests yn ús provinsje dus werom. Dat giet wol in stik minder hurd as de groei fan de sifers oan it begjin fan de twadde golf. Sa wiene der ein july 4 besmettingen yn in wike. Dat gong dêrnei fan 8, nei 45 en doe nei 61. Nei in pear stabile wiken skeaten de sifers heal septimber de loft yn.

Sjoch foar folle mear sifers op ús dossierpagina. Dêr fynst ek de sifers sûnt it begjin fan de corona-útbraak yn Fryslân, yn maart.

Trefwurden: 
GGD Fryslân RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)