Net allinnich wedstriid-, mar ek 'testspanning' by reedriders

30 okt 2020 - 07:57

Yn Fryslân begjint freed ien fan de gruttere sporteveneminten dy't noch wol trochgeane yn dizze perioade: it NK ôfstannen op de lange baan. Der mei gjin publyk yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean en dat is noch mar ien fan de maatregels dy't de organisaasje treft. "Maar we kunnen daardoor volledig coronaproof aan de slag", seit Carl Mureau fan reedrydbûn KNSB.

Net allinnich wedstriid-, mar ek 'testspanning' by reedriders

It hat wol in spannende tiid west, seit Mureau, en dat is it noch hieltyd. "Corona is nog volop aanwezig. Daarom begint het met de algemene hygiënemaatregelen, die iedereen inmiddels kent. Iedereen die in Thialf niet op het ijs staat, moet een mondkapje dragen. En de mensen díe er zijn, opereren in zones. Zo houden we de sporters zoveel mogelijk gescheiden van bijvoorbeeld de scheidsrechters en de pers."

Soad geregel

Der binne wol in soad minsken nedich om dat allegear te regeljen. "Maar normaal gesproken zitten er bij een uitverkocht huis 10.000 mensen in Thialf. Ook dan heb je veel mensen nodig om het in goede banen te leiden."

De reedriders binne der ek oan ta, wit Mureau. "Ze trainen al vanaf april voor het nieuwe seizoen. Vaak hebben ze dan ook trainingswedstrijden, maar die zijn niet allemaal doorgegaan. En helaas gaan ook de eerste vier wereldbekerwedstrijden niet door. We hebben de ISU nog gevraagd om een 'bubbel' te creëren in Thialf, maar dat is nog niet gelukt. Hopelijk wel in januari of februari."

Underfining opdwaan

No't dy wrâldbekerwedstriden net trochgeane, ha de reedriders allinnich de nasjonale wedstriden om nei út te sjen. Dêr is dit NK de earste fan. De organisaasje hopet ûnderfining op te dwaan dy't se letter yn it jier mooglik brûke kinne by de ynternasjonale wedstriden, as dy dan wol trochgean meie.

De reedrydkalinder:

  • 30, 31 oktober en 1 novimber: NK ôfstannen
  • 21 en 22 novimber: NK allround
  • 28 en 29 novimber: NK sprint
  • 26, 27 en 28 desimber: WK kwalifikaasjetoernoai

Foar de riders komt der no mear by sjen as allinnich de wedstriidspanning: ek de spanning nei de coronatests spilet mei. "Alle rijders zijn eerder deze week getest", fertelt Mureau. Dêr is ien positive test útkaam: Michelle de Jong hat it coronafirus. Sy kin dêrom net meidwaan. Alle oare tests wiene negatyf. "Iedereen wordt donderdag en vrijdag ook nog een keer getest." As dat allegear goed útpakt, dan kin it toernoai los.

NK ôfstannen

It NK ôfstannen is fan freed oant en mei snein live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Freed begjint it toernoai om krekt wat nei ienen mei de 500 meter foar de manlju. Dy dei wurde ek noch de 1.500 meter foar froulju en de 5.000 meter foar manlju riden.

Sneon begjint dei twa op 'e nij krekt nei ien oere, dan mei de 500 meter foar froulju. De manlju ride sneons de 1.500 meter en de froulju neist de 500 meter ek noch de 3.000 meter.

Snein is de lêste dei, dy't om healweis ienen úteinset. De ôfstannen dy dei binne de 10.000 en 1.000 meter foar manlju en de 5.000 en 1.000 meter foar froulju.

Trefwurden: 
reedriden KNSB NK Thialf
(Advertinsje)
(Advertinsje)