Needgjalp Friese Boys: 'Der moat no in nij trainingsfjild komme'

Der moat op koarte termyn wat dien wurde oan it strieminne trainingsfjild by fuotbalferiening Friese Boys út Kollumersweach. Ek ferljochting om de wedstriidfjilden hinne hat heechste prioriteit. Dy oprop die foarsitter Django Damsma fan de fuotbalklup tongersdei by de riedsfergadering fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn Kollum.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
"Het veld is niet goed, het water blijft staan, er zitten gaten in, het hobbelt. Het is om te trainen gewoon te gevaarlijk en er is een te grote kans op blessures. De veiligheid komt in het geding. Dat willen we nu aanpakken", seit Damsma.
Ein maaie hie Friese Boys in posityf petear mei wethâlder Pytsje de Graaf. De ferwachting wie dan ek dat der fluch aksje ûndernommen wurde soe. Mar no blykt dat de gemeente it ûnderwerp Friese Boys nei 2022 trochskowe wol. En dat sjit de klup yn it ferkearde kielsgat, want maatregels binne no nedich, sa fynt de klup.
Foarsitter Django Damsma fan Friese Boys