Coronanijs freed 30 oktober: Kommende wike pyk op IC's, yn 2021 'misschien een stabiele situatie'

30 okt 2020 - 22:27
  • It RIVM meldt hjoed yn Fryslân 149 nije besmettingen mei it coronafirus, juster wiene it der 123;
  • Saakkundigen ferwachtsje de kommende wike in pasjintepyk yn de noardlike sikehûzen;
  • Mear as de helte fan de pasjinten op de IC's yn Noard-Nederlân komt út oare regio's;
  • De GGD hat soargen oer it grutte tal âlderen dat besmet rekket;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
22:01
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tongersdei 28 oktober. We sette noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje:

  • It RIVM meldt hjoed yn Fryslân 149 nije besmettingen mei it coronafirus, juster wiene it der 123;
  • Saakkundigen ferwachtsje de kommende wike in pasjintepyk yn de noardlike sikehûzen;
  • Mear as de helte fan de pasjinten op de IC's yn Noard-Nederlân komt út oare regio's;
  • By de Twadde Keamerferkiezingen fan 2021 kinne minsken fan 70 jier en âlder stimme mei in brief, en guon stimlokalen binne trije dagen iepen;
  • De GGD hat soargen oer it grutte tal âlderen dat besmet rekket;
  • Wensoarchsintra yn Snits en Boalsert ha ôfdielingen ticht omdat bewenners besmet binne mei it firus;
  • In wensoarchsintrum yn Ljouwert sit hielendal op slot, dêr binne twa bewenners oan it firus ferstoarn;
  • Op It Hearrenfean is in skoalle foar spesjaal ûnderwiis in wike lang ticht, omdat der in learkrêft besmet is mei it coronafirus;
  • De rjochtbank fan Noard-Nederlân makket him klear foar in weach oan fallisseminten;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Moarn is der wer in nij liveblog oer it coronafirus. Op de radio is om acht oere it lêste nijs te hearren, yn it programma No yn Fryslân. Dêryn ûnder oare it ferhaal fan in kafeebaas dy't syn kroech ferkocht hat, omdat er in hotel-brouwerij begjinne woe. Op it Saailân. En midden yn coronatiid is dat net maklik: de bank luts de finansiering werom. Mar hy set troch.

En middeis is de iepening fan de Fryske top 100 te hearren op de radio. Dy is dit jier oars as oars, fanwege de coronakrisis. Boargemaster Buma fan Ljouwert iepenet de stimbussen yn in rjochtstreekse útstjoering fanút it mediakafee fan Omrop Fryslân, even nei ienen, yn Sneon yn Fryslân. Dat is ek te sjen op telefyzje.

20:54
'Rjochtbank Noard-Nederlân makket him klear foar weach oan fallisseminten'

Der komt in golf fan fallisseminten oan troch de coronakrisis. Dat meldt RTV Drenthe. Yn Nederlân wurde tsientallen ekstra rjochters oplaat op de saken op te fangen. Op dit stuit is it noch stil yn de rjochtbanken. Der wurde mar kwealik fallisseminten útsprutsen.

Nei alle gedachten is it de stilte foar de stoarm, stelt de rjochtbank Noard-Nederlân. In protte bedriuwen wurde no noch oerein holden troch de oerheid. "Wij gaan uit van een hogere instroom aan faillissementen en overigens ook van schuldsaneringen", seit wurdfierder Serge Zom út namme fan de rjochters.

20:48
Kommissaris fan de Kening Arno Brok op wurkbesite yn in sikehûs
20:25
Kommende wike pyk op noardlike IC's; yn 2021 'misschien een stabiele situatie'

Hoewol't de ôfname fan it oantal nije coronabesmettingen yn it Noarden troch liket te setten, wurdt yn de sikehûzen de pyk pas nije wike ferwachte. Dat meldt RTV Noord. "Het Noorden is de veiligste plek van ons land, met uitzondering van de regio rond Emmen", seit firolooch Bert Niesters fan it UMCG . Mar de feilichheid is relatyf. "Je moet je niet rijk rekenen."

Peter van der Voort fan Boksum is it haad fan de IC fan it UMCG. Hy sjocht ek ljocht oan de ein fan de tunnel. Mar dy tunnel is noch lang. Foar de sikehûzen duorret it noch moannen foardat de twadde golf foarby is, seit er. "Dan zitten we al dik in 2021. Dan krijgen we misschien een stabiele situatie."

Der lizze no mear pasjinten út de eigen regio op de noadlike IC's as yn de earste golf. Dat soarget foar rêst, seit Van der Voort. "De vorige keer kwam bijna niemand uit de eigen regio. Dat zorgt voor veel extra dynamiek en drukte vanwege transporten. Nu komt er niet meer een bus met zes patiënten tegelijk aanrijden."

Mei de pyk yn sicht kin Van der Voort ek al foarsichtich foarútsjen. Want sadra't dizze weach foarby is, kin it sikehûspersoniel him klearmeitsje foar de folgjende. Nije golven wurde nei alle gedachten hieltyd minder heech, tinke Niesters en Van der Voort. "De lijn zal de komende twee jaar niet op nul liggen", seit it haad fan de IC. "Dat betekent dat we ongeveer 5 tot 15 coronapatiënten aan de beademing hebben. Binnen die bandbreedte."

18:22
Rutte begrypt soargen; kabinet oerwaget fjoerwurkferbod

It kabinet oerwaget in fjoerwurkferbod by de kommende jierwiksel, om sa de soarch te ûntsjen dy't fanwege corona bot belêste wurdt. Earder pleiten GrienLinks en de Partij foar de Dieren al foar sa'n ferbod. Beropsferieningen fan plysjeminsken en dokters steane dêr achter. Juster melde Hart van Nederland dat in mearderheid fan de Nederlânske befolking sa'n tydlik ferbod ek wol sitten sjocht.

Premier Mark Rutte seit dat er de soargen begrypt. Hy komt letter mei mear ynformaasje. Earst wol er 'stap foar stap' yn byld bringe hokker oanfoljende maatregels der nedich binne.

17:50
Besikersstop by ôfdieling fan wensoarchsintrum Snits nei coronabesmetting bewenner

By wensoarchsintrum De Ielânen yn Snits is in bewenner posityf test op it coronafirus. Dat meldt soarchorganisaasje Patyna. De bewenner wurdt yn isolaasje fersoarge, en by de belutsen ôfdieling is in besikersstop ynsteld.

Patyna meldt dat meiwurkers fan meardere lokaasjes posityf test binne op it coronafirus. Al dy meiwurkers sitte yn thúsisolaasje.

16:56
Coronamaatregels by ferkiezingen yn 2021

By de Twadde Keamerferkiezingen fan 17 maart 2021 kin âlderein boppe de 70 jier stimme mei in brief. Ek is de twa dagen foar de ferkiezingsdei al in beheind tal stimlokalen iepen om de minsken dy't stimme te sprieden. Neffens minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken is dat yn de coronatiid better. Mei dizze maatregels is der minder kâns op fersprieding fan it coronafirus.

16:39
Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen freget om 600 miljoen fanwegen coronasoarch

De Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen wol dat der it kommende jier 600 miljoen euro ekstra nei sikehuzen giet. De sikehuzen freegje dat yn in brief oan de Twadde Keamer. Neffens de feriening steane de begruttingen fan sikehuzen ûnder druk. En de ynkomsten rinne werom, om't de reguliere soarch útsteld wurdt. De 600 miljoen euro is nedich om de soarch te garandearjen, seit de feriening.

16:22
Goed de helte fan pasjinten op intensive care fan bûten it Noarden

Mear as de helte fan de intensive care-bêden dy't der binne yn Noard-Nederlân, wurdt brûkt troch pasjinten út oare regio's. Dat meldt de organisaasje dy't dy sifers byhâldt. Yn totaal binne der yn de noardlike sikehuzen sa'n 200 pasjinten oernaam út oare regio's.

De noardlike sikehuzen helpe inoar ek, troch pasjinten oer te nimmen as dat nedich is. Der binne oant no ta mear bêden beskikber as dat der pasjinten binne. It oantal bêden wurdt de kommende tiid wol fierder útwreide. De akute soarch giet troch, mar de reguliere soarch wurdt fierder werombrocht.

15:20
Twa bewenners wensoarchsintrum Ljouwert ferstoarn oan coronafirus; oaren langer yn karantêne

De bewenners fan wensoarchsintrum De Hofwijck yn Ljouwert moatte noch twa dagen langer yn karantêne bliuwe. By fjirtjin bewenners en acht meiwurkers is it coronafirus fêststeld. Ferline wike gie De Hofwijck dêrom al op slot.

Twa bewenners binne ferstoarn oan de gefolgen fan de besmetting. Om fierdere fersprieding foar te kommen is in langere karantêneperioade nedich, seit de soarchorganisaasje dêr't it soarchsintrum ûnder falt. Nei snein wurdt de karantêne stap foar stap ôfskaald. Om te begjinnen meie bewenners fan moandeitemiddei ôf har appartemint wer út.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)