Domenica stiet seis oeren op beamstam foar jongerein mei psychyske klachten

30 okt 2020 - 06:30

Stel dy foar: seis oeren lang stilstean op in beamstam. Soest dat kinne? Domenica van Geer sil de útdaging oangean. De 25-jierrige wol mear omtinken foar jongerein mei psychyske sûnensklachten. De aksje "The Last Man Standing" is ûnderdiel fan de lanlike stichting MIND dat geastlike problemen by minsken foarkomme wol.

Domenica stiet seis oeren op beamstam

Yn Domenica har tún op It Hearrenfean stean al fiif beamstammen klear, want sneon is it safier. Mei ûnder oaren har mem en tante sil se seis oeren op in beamstam stean. Har mem en muoike sille de stammen wat earder ferlitte, mar Domenica wol de seis oeren fol meitsje. "We staan op voor jongeren met psychische problemen en om de hulpverlening te verbeteren en het taboe te verbreken", fertelt Domenica van Geer.

13 moannen op de wachtlist

Domenica fynt it wichtich dat der mear omtinken komt foar jongeren mei psychyske sûnensklachten. "Ik heb er zelf mee te maken gehad. Ik ben toen tegen dingen aangelopen waarvan ik denk 'dat had beter gekund' dus ik hoop door mijn steentje bij te dragen, dat het voor andere jongeren beter wordt."

Domenica hat sels PTSS, in eangst- en panyksteurnis en se hat yn it ferline de diagnoaze depresje krigen. Se hat 13 moannen op in wachtlist stien foar terapy. "Als het niet goed met je gaat dan is dat gewoon niet mogelijk. Dan denk je 13 maanden dat red ik nooit. Met deze actie wil ik daar aandacht aan te geven en hoop ik dat de wachtrijen door meer geld verminderd kunnen worden."

Nettsjinsteande de coronakrisis giet it folle better mei Domenica. "Met de depressie kan ik redelijk omgaan maar de PTSS gaat met ups en downs. Dat is iets waar ik mee moet leven." De post-traumatyske stresssteurnis krige se troch in tal swiere jierren.

Yn 2011 en 2012 rekke se fjouwer freonen kwyt. In freondinne ferstoar by in iepen-hert-operaasje, in oare freon die himsels tekoart. Noch in freon kaam om it libben yn in ferkearsûngelok en in freondinne ferstoar troch sykte. Domenica wie 16 jier en it wie allegearre tefolle.

Domenica van Geer - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Fan stichting MIND is de aksje in jierliks evenemint. Gewoanwei stean der 300 minsken seis oeren lang op in peal boppe it wetter, mar dat kin no net troch de coronamaatregels. De stichting hat dêrom in thús-edysje betocht wêrby't minsken trije oeren op in peal stean kinne om jild op te heljen. "Wij hebben ervoor gekozen om zes uren te blijven staan", fertelt Domenica.

"Kom vooral langs zaterdag en kom ons steunen", moediget se de minsken oan. "Er staat een collectebus voor de deur waar mensen kunnen doneren. Mensen kunnen ook naar de website van MIND."

Domenica hie op in doelbedrach fan 1.000 euro ynset. Dêr is se yntusken al oerhinne. En mocht it no sneon reine, dan is se ek net te beroerd om stean te bliuwen. "Dan sta ik er gewoon met een paraplu."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Domenica oer de aksje foar jongeren mei psychyske klachten

(Advertinsje)
(Advertinsje)