Ried Noardeast-Fryslân noch net útpraat oer toeristebelesting
De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân rekke tongersdeitejûn net útpraat oer de plannen om de toeristebelesting yn de gemeente te ferheegjen. Dy belesting is no noch 1 euro de persoan de nacht, mar de plannen binne om dat nei 1,50 euro te bringen. In protte rekreaasje-ûndernimmers yn de gemeente binne der net bliid mei. Dat wie ek ôf te sjen oan it tal ynstjoerde brieven: santjin yn totaal.
Yn 'It Debat' kamen fan ferskate partijen yn de ried fragen oer de ferheging fan de toeristebelesting. Benammen de kommunikaasje mei de ûndernimmers kaam geregeld nei foaren: oft dy net better kind hie. Wethâlder Boerema sei dat dat net koe, omdat er it beslút ûnder tiidsdruk nimme moast. Boppedat wie it dreech om in kar te meitsjen, sei er. "Dit was een van die keuzes en die vallen altijd zwaar. Discussie die uitlopen op welles-nietes ga ik op dit moment uit de weg."
Dat de gemeente wol útpraat reitsje soe oer de toeristebelesting wie ek net de bedoeling fan 'It Debat', want nei twa terminen fan de ried en it kolleezje koe der noch gjin beslút naam wurde. Under oare it beslút oer de toeristebelesting falt takom wike by 'It Beslút'. Op 5 novimber stimt de ried oer de riedsfoarstellen dy't út de programmabegrutting 2021 komme. Dy gearkomste wurdt opdield yn twa terminen: earst wurde de amendeminten en moasjes yntsjinne en bepraat, dêrnei folget de stimming.
Ferskate partijen koene har net fine yn de opmerking fan Boerema oer tiidsdruk. Sa fûn Pieter Braaksma fan Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân "nei twa minuten speuren" al 'fraude' yn de begrutting, wêrmei't mooglik in grut part fan de 225.000 euro oan ferwachte ekstra ynkomsten yn de toeristebelesting al binnen wiene. "Jim lûke no al 140.000 euro út foar ûnderhâld oan it Suderieprojekt takom jier, mar dat hiele projekt is noch net iens ôf!" Ferskate partijen kundigen oan dat se takom wike mei mear ynformaasje en moasjes of in amendemint komme. "We wolle ús krûd no noch net fersjitte."
"Forse verhoging"
Undernimmer Robert de Wit, dy't ynspruts út namme fan Gastengilde Noardeast-Fryslân, is it totaal net iens mei de ferheging. "Het gaat in het voorstel zoals dat er nu ligt om een forse verhoging van 50%."
Noardeast-Fryslân 'geen A-locatie'
Yn it Gastengilde sitte njonken De Wit 64 ûndernimmers yn de rekreative sektor dy't har net yn de ferheging fine kinne. Sy beskikke yn totaal oer 481 bêden yn de gemeente, dêr't alle jierren sa'n 15.000 kear op slept wurdt. De Wit: "Wij als ondernemers zeggen: laten we het houden zoals het is, dan is die toeristenbelasting hoog genoeg. Zeker als je het vergelijkt met de Waddeneilanden, wat een A-locatie is. Daar is de toeristenbelasting zo'n 1,50 of 1,60 per nacht, daar moeten wij niet naar toe. Wij zijn gewoon geen A-locatie."