Bewenner nei sikehûs by brân yn Aldskoat, fjoer gau ûnder kontrôle

29 okt 2020 - 23:17

By in brân yn in wenning yn Aldskoat is ien persoan ferwûne rekke. It soe gean om in bewenner, dy't mei de ambulânse nei it sikehûs brocht is. Dat meldt in tsjûge.

Foto: De Vries Media

Om healwei alven hinne krige de brânwacht de melding fan de brân, yn in tuskenwenning oan de Ampereleane yn Aldskoat. De brânwacht fan Hearrenfean hie de sitewaasje gau ûnder kontrôle. Doe't it fjoer út wie, is de wenning fentilearre.

It is net dúdlik hoe't de brân ûntstien is. De strjitte hat koarte tiid ôfsletten west foar it ferkear, sadat de brânwacht feilich wurkje koe.

Trefwurden: 
brân Aldskoat
(Advertinsje)
(Advertinsje)