'F-35 soarget foar trije kear safolle klachten oer lûdsoerlêst, wylst der dit jier folle minder flein is'

Mear as tûzen klachten binne der al binnenkaam dit jier oer de fleanbasis Ljouwert. Dat docht bliken út klachterapportaazjes fan Definsje. Dat is trije kear safolle as yn deselde perioade ferline jier, wylst der dit jier folle minder fleanbewegingen makke binne.
In F-35 op de Ljouwerter fleanbasis © ANP
Geert Verf fan doarpsbelang Marsum oer de lûdsoerlêst
"Der binne dit jier minder fleanbewegingen as ea, en dochs binne der trije kear safolle klachten binnenkaam as foarich jier." Dat seit Geert Verf fan it doarpsbelang yn Marsum. Oare jierren wie der noch de Frisian Flag mei sa'n 2000 fleanbewegingen yn twa wiken tiid, mar dy gong dit jier net troch fanwege de coronamaatregels. Dochs hawwe omlizzende doarpen mear lêst fan de fleanbasis yn Ljouwert, want minder fleanbewegingen betsjut net dat der minder oerlêst is.

"Dit makket my bot ûngerêst"

"Dat hat alles te krijen mei de komst fan de F-35", seit Verf. "Wy wisten wol, en dat wit eltsenien, dat dat tastel mear lûd makket as de F-16." Verf is bot skrokken fan it tal klachten. "Ik moat it allegeare noch trochlêze, want it binne in protte dikke rapporten. Dit makket my bot ûngerêst: It is noch mar oant en mei septimber, en dit is trije kear safolle as foarich jier, wylst it doe in hiel drok jier wie."
In kanttekening fan Definsje is dat fan de 94 klachten yn septimber der 66 fan 'strukturele melders' komme. It binne dus faak deselde melders. "Dy minsken hawwe ek struktureel lêst", reagearret Verf. "Dêr kinst net fan sizze 'dêr dogge we neat mei'". Neffens Verf binne der ek genôch minsken dy't net kleie, mar wol lêst hawwe. "Kinst fan alles betinke, troch corona binne der ek mear minsken thús, dus hawwe mear minsken lêst. It is gewoan sa dat der mear klachten binnenkaam binne."

"Dit is te gek, dit kin sa net"

As der mear lûd produsearre wurdt as tasein is, dan moat Definsje dat kompensearje mei minder flechten. "Of se moatte útwike nei in oare basis," jout Verf oan. De klachten sille noch wol oprinne nei de ein fan it jier.
De measte klachten komme út de haadstêd. "Ljouwert spant fierwei de kroan. Dêr wenje ek de measte minsken. It soe ferskriklik wêze as de leefberens dêr 'om zeep' holpen wurdt." Verf giet der fanút dat de lûdskontoeren hanthavene bliuwe en dat it lûd yn de takomst beheind wurdt. "Dit is te gek, dit kin sa net."
Dochs hâldt Verf wol fertrouwen yn Definsje en wol er net ferhúzje út Marsum wei. "Se moatte gewoan binnen de lûdsnoarmen bliuwe. En dat kinne wy mjitte mei ús lûdmjitnet", seit Verf. Hy sjocht ek dat Definsje dwaande is om him oan de restriksjes te hâlden. "Fernimst ek dat der yn Brabân in tredde fleanbasis iepen giet. De Peel. Dat is nedich om it lûd te kompensearjen. It jout wol oan hoe grut oft it probleem is, ek foar Definsje."