'Samen op examen': âlders swimme mei by ôfswimmen bern

29 okt 2020 - 21:01

Ofswimme foar dyn swimdiploma is yn dizze tiid net sa aardich, want heit of mem meie net op de tribune sitte... Mar by de Blauwe Golf yn Ljouwert ha se dêr in kreative oplossing foar betocht: heit en mem of pake en beppe meie meiswimme.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Tongersdeitemiddei swimme der twa groepen ôf. De iene groep giet foar diploma C en de oare foar it A-diploma. Tusken de groepen troch is der in healoere om om te klaaien en fan groep te wikseljen. "We ha it betocht om't der gjin âlders en taskôgers oanwêzich wêze meie by it diplomaswimmen", fertelt Joke Dijkstra, koördinator by de Blauwe Golf. "Dan moat je bern fan fjouwer of fiif jier de earste diploma-ûnderfining sûnder heit of mem of pake en beppe belibje."

Binnen de mooglikheden hat Dijkstra besjoen hoe't it wol realisearre wurde kin mei de âlders derby. "We ha it oantal nei ûnderen brocht mei fyftjin bern en dan heit of mem mei dan komst op 30 minsken en dat kin prima op 1,5 meter yn it bad."

Joke Dijkstra - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Maaike van der Hoek praat mei Joke Dijkstra fan De Blauwe Golf

Net allinnich foar de bern is it spannend om ôf te swimmen ek foar de âlders is mar ôfwachtsjen oft se in bytsje mei harren bern meikomme kinne. "Seachst wol wat âlders in bytsje smokkelje, mar it is hiel aardich om te sjen dat âlders slim ûnderskatte wat de bern allegearre prestearje moatte. In A, of in B of in C-diploma is echt in geweldige prestaasje. De measte heiten en memmen ha ek allinnich in A-diploma en dy ha no wol reade wankjes en respekt foar harren lytse hartsjes krigen hear", fertelt Dijkstra.

Henriëtte giet tongersdeitemiddei foar har C-diploma. Se hat har mem Titia meinaam en dy hat fjouwer diploma's. Titia fynt it hiel aardich dat se meiswimme mei. "Het is nu toch wat een bijzondere tijd en dan is dit wel een hele leuke afsluiting. Ik heb vier kinderen en zij is de laatste dus het is voor ons nu ook helemaal klaar". Alle bern út de groep hawwe harren C-diploma fertsjinne. Dy fan Henriëtte komt op har keamer te hingjen. "Ik ben heel blij!"

Henriëtte swimt ôf foar har C-diploma en mem Titia docht mei

(Advertinsje)
(Advertinsje)