Fryske senioareferiening: "Sjoch om nei minsken dy't de doar net mear útkomme"

De ûnôfhinklike senioareferiening yn Fryslân ropt op om om te sjen nei minsken dy't de doar net mear útkomme. Hast de helte fan de Nederlânske âlderein ferwachtet dit jier de krystdagen allinnich of op syn heechst mei de eigen partner te fieren, docht bliken út in enkête.
© Shutterstock
"Minsken binne bang foar in besmetting. Yn Fryslân is it in hiele tiid goed gien. Mar der is no hast gjin doarp mear dêr't it firus net is. Der wurdt hieltyd op hammere: 'bliuw thús'. It gefolch is dat minsken der net mear útkomme", seit Frans Kloosterman fan de senioareferiening.
"Dit giet al sa lang as de corona yn ús provinsje hearsket", sa seit Kloosterman. "Der komme folle minder minsken oer de flier. Ik soe sizze: sjoch wat mear om jo hinne, nei minsken dy't der net mear út komme. Gean der ris hinne, nûgje se út, of belje se. Mei in mûlkapke en op oardel meter kin der hiel wat."
De oprop fan Frans Kloosterman