Danny Noppert sûnder leg ûnderút yn earste wedstriid op EK

Danny Noppert is tongersdeitejûn op it European Championship yn Oberhausen fuortendaliks útskeakele. De Jouster darter ferlear yn syn earste ronde mei romme sifers (6-0) fan lângenoat Dirk van Duijvenbode, dy't resintlik de finale fan de World Grand Prix helle.
© Orange Pictures
Noppert kaam al gau op in 2-0 efterstân, mar krige doe ien pylk op dûbel fiif foar in 130-finish. De dart kaam krekt boppe de dûbel, wêrnei't Van Duijvenbode útsmiet. De darter út 's-Gravenzande rûn dêrnei ek samar út nei in foarsprong fan 5-0. Nei it skoft makke hy it ôf: einstân 6-0.
Takom wike meitsje de darters har op foar de World Cup of Darts. Danny Noppert komt dêr tegearre mei Michael van Gerwen foar Nederlân út. De World Cup of Darts wurdt dit jier yn Salzburg hâlden, yn Eastenryk.