Operaasje Fryske Flagge: Josine Wierda yn Ierlân: "Ik mis het water"

29 okt 2020 - 19:50

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike ha wy kontakt mei Josine Wierda, dy't Dublin yn Ierlân har thús makke hat.

Josine Wierda yn it Ierske Dublin - Foto: Josine Wierda

Wierda komt oarspronklik út Harns, mar wurket no by LinkedIn yn Dublin. Der binne fansels wel wat ferskillen tusken dy twa stêden. "Er zijn ontzettend veel kroegen. In Harlingen zijn al heel veel kroegen, maar hier kun je op elke hoek van de straat wel naar de kroeg toe. Ja, nu niet met corona natuurlijk, maar over het algemeen", seit Wierda.

Sa no en dan mist se Harns wol. "In Harlingen woonde ik aan het water. Ik mis het water. Ik moet nu wel een stukje lopen om bij de haven of bij het strand te komen", seit Wierda.

Corona

Ek Ierlân is fansels troffen troch it coronafirus. "Ik denk dat wij hier veel strenger vanaf maart aan de gang zijn. Ik werk al thuis vanaf maart. Eigenlijk iedereen die een beetje thuis kan werken doet dat ook", seit Wierda.

"De horeca is hier een tijdje open geweest in de zomerperiode, maar de kroegen niet. Kroegen die geen eten serveerden mochten niet open. Eigenlijk is hier het sociale leven al vrij lang anders dan in Nederland. Ik denk wel eens als ik het Nederlandse nieuws zie: zeur niet zo. Het is een lastige situatie voor iedereen natuurlijk, maar het kan altijd erger", seit Wierda.

It folsleine petear mei Josine Wierda

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 170 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)