Ferpleechkundigen MCL krije plak yn bestjoer: "We stean einlik foaroan yn de rige" 

29 okt 2020 - 19:10

It is in grutte stap yn de fierdere profesjonalisearring fan de beropsgroep. Ferpleechkundigen fan it Ljouwerter sikehûs MCL krije tagong ta it bestjoer. It sikehûs wol hjirmei oantoane dat de ferpleechkundigen folweardich meibeslisse yn it bestjoer. "We binne grutsk dat we dit berikt hawwe", seit Arno Huisman, foarsitter fan de Verpleegkundige Advies Raad. "We stean einlik foaroan yn de rige."

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

"We kinne no ús stim hearre litte en tinke aktyf mei", sa fertelt Huisman oer de nije posysje fan syn kollega's. "Yn de ferpleechkundige advysried waarden we earst wol heard, mar dat wie faak nei de tiid. Dan wie it al besletten of bepraat en wie it foar ús mear in meidieling. We stean no foaroan en we witte wat der bart. We kinne advys jaan. Der binne ferskillende saken dêr't we ús no oer hearre litte wolle. De ferpleechkundige stiet it meast by de pasjinten oan bêd, wy witte dus ek wat der spilet. We wolle ús no bûge oer hoe't we de soarch foarmjaan kinne. Mar ek foar de beropsgroep sels hat it foardiel, want we kinne no ek bepale hoe't we it personiel ûnderwize wolle en kinne we fierder ynnovearje."

Eardere oprop troch polityk

It bart net faak dat ferpleechkundigen yn it bestjoer fan in sikehûs sitte. Earder dizze wike makken partijen VVD en GrienLinks al bekend dat ferpleechkundigen in gruttere rol yn it bestjoer krije moatte. Dat MCL krekt no mei de beslissing komt, is neffens Arno Husman tafal. "We binne al langer dwaande om dit foar inoar te krijen. It slút hiel moai oan de lanlike trend. We kinne grutsk wêze as MCL."

Arno Huisman fan it MCL

(Advertinsje)
(Advertinsje)