Oerlêst Vlietsône Ljouwert ôfnaam, kameratafersjoch net mear nedich

29 okt 2020 - 17:39

De gemeente Ljouwert is ophâlden mei it kameratafersjoch op de Vlietsône yn de stêd. De kamera's binne der doedestiids kaam omdat der in soad oerlêst wie. Neffens de gemeente hat bliken dien dat de kamera's net mear nedich binne foar de feilichheid, om't de oerlêst bot ôfnaam is.

Foto: Google Streetview

Minsken dy't yn de Vlietsône wenje, hiene earder al sein dat de kamera's wer fuort moasten as de situaasje ferbetterje soe. Dat momint is no kaam, seit de gemeente.

Mei mar trije ynsidinten yn de ôfrûne trije moannen, is de ynset fan kamera's, dat in fiergeand middel is, net mear rjochtfeardige. De gemeente hâldt de situaasje yn de wyk noch wol goed yn de gaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)