Aaidoazemakkers fan Huhtamaki yn Frjentsjer driigje mei aksjes

29 okt 2020 - 17:12

As aaidoaskefabrikant Huhtamaki fan Frjentsjer net gau mei in goede nije cao komt, driget it personiel it wurk del te lizzen. Dat seit it fakbûn CNV Vakmensen. It Finske Huhtamaki hat oant woansdei tsien oere de tiid om mei in goed oanbod te kommen, oars komme der aksjes, seit it fakbûn.

Huhtamaki, Frjentsjer - Foto: Google Street View

De direksje fan it bedriuw kaam earder dizze wike mei in lêste bod. Mar neffens it CNV gie dat net fierder as in meagere leansferheging. En dat wylst it bedriuw, nettsjinsteande de coronakrisis, goed draait, seit it fakbûn. CNV easket no dat it bedriuw foar kommende woansdei wol mei in goed cao-bod komt, oars is de kâns op aksjes 'tige grut'.

Swiere wurkomstannichheden

Neist in goed lean leit de klam fan de fakbûnseasken foaral op duorsume ynsetberheid en de mooglikheid om earder op te hâlden mei it wurk. Dit fanwege swiere wurkomstannichheden troch de ploegetsjinsten en it wurkjen yn ekstreme waarmte.

Neffens Huhtamaki is der gjin romte foar in better bod om't it dak reparearre wurde moat en de kantine ferboud wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)