Skoalbernboat Flylân-Skylge ek foar oare passazjiers beskikber

De fearferbining foar skoalbern tusken Flylân en Skylge wurdt ek iepensteld foar oare passazjiers. De spesjale boat foar skoalbern fart sûnt augustus.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Undernimmers op beide eilannen seagen dêr ek mooglikheden. Se hawwe frege oft harren personiel der ek gebrûk fan meitsje kin. En dêr binne no ôfspraken oer makke.
Skoalbern krije noch wol foarrang. De romte dy't oerbliuwt, kin no ek troch oaren brûkt wurde. De opbringst fan dy reizen giet foar in part nei de skoallen, dy't de feartsjinst foar skoalbern mei opset hawwe. Want dy wolle trochsette, ek as se der gjin subsydzje mear foar krije.