Brêge wol oerenlang net mear ticht: fertraging foar ferkear op Ofslútdyk

29 okt 2020 - 16:37

In steuring by in brêge yn de Ofslútdyk soarge tongersdeitemiddei oerenlang foar fertraging. De brêge woe net mear ticht. Dat meldt in wurdfierder fan Rykswettersteat.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

De steuring ûntstie om healwei trijen hinne, yn de noardlike brêge by Koarwertersân. Goed trije kertier letter kaam der oplossing, meldt Rykswettersteat. Doe koe al it ferkear oer de súdlike brêge ride, dy't normaalwei allinne brûkt wurdt troch it ferkear dat fan Noard-Hollân nei Fryslân komt. Dat soarget wol foar fertraging.

In wurdfierder fan Rykswettersteat koe net sizze wat der krekt mis wie mei de brêge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)